It wapen fan de gemeente Skylge waard fêststeld by Keninklik Beslút fan 27 septimber 1963 mei de beskriuwing:
Yn sulver in beblêde beam fan sinopel, befruchte fan goud, plante op in grûn ek fan sinopel en beselskippe, rjochts fan in kliuwene liuw fan keel, links fan in kliuwende draak fan azuer, dy't beide de stamme fan de beam mei harren beide klauwen omklamje. It skyld dekt mei in gouden kroan fan trije blêden en twa pearls.
It belút kaam nei oanlieding fan in fersyk fan B&W fan Skylge oan de Hege Ried fan Adel, om it wapen opnij fêst te stellen. It âlde gemeentewapen, troch de Hege Ried fan Adel fêststeld op 26 juny 1816, bykte net hielendal goed te wêzen. De wapentakenning berêste grif op in ûndúdlike segelprint fan in al skeind wapen.
Sjoch ek
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.