Gemeentewapen fan Frjentsjerteradiel
Dizze side giet oer it wapen út 1984-2018. Foar it wapen út 1818-1984, sjoch: wapen fan Frjentsjerteradiel (1818-1984).

It wapen fan de gemeente Frjentsjerteradiel waard fêststeld op 8 augustus 1985 en beskreaun as

Fjouwerendield : I yn azuer in klok fan goud, II en III yn goud in roas fan keel, IV trochsnien a yn azuer in nôtstûke fan goud, b weagjend trochsnien fan goud en azuer. It skyld dekt mei in gouden kroan fan 3 blêden en 2 kear 3 pearels en oan beide siden hâlden troch in frouljusfiguer, rjochts de goadinne Minerva, de nei links draaide holle dekt troch in helm, hâldend in skyld en in lâns yn de rjochterân en links de goadinne Ceres, hâldend in bondel nôtieren yn de linkerhân, alles fan goud.

It eardere wapen, fan 25 maart 1818 waard beskreaun as: Fan lazuer beladen mei in gouden dwersbalke, fan de rjochter boppe- nei de linker ûnderhoeke fan it skyld delrinnende, fierder 3 iepen roazen fan keel, rinnend fan de linker boppe nei de rjochter ûnderhoeke, sadanich dat de middelste roas op de goudene dwersbalke komt.
It skyld waard dekt mei in gouden kroan fan trije blêden en 2x3 pearels.

Oarsprong/ferklearring

De roazen yn it âlde wapen komme fan it wapen fan de grytman Duco fan Jongema. It wapen op himsels komt foar sûnt it begjin fan de 17e iuw, mar skilt faak fan kleur. Yn it nije wapen komt I fan Frjentsjer, II en III fan Frjentsjerteradiel en IV fan Barradiel. De goadinne Minerva slaat op de universiteit fan Frjentsjer yn de 17e iuw, de goadinne Ceres komt fan it wapen fan Frjentsjer.

Van den Bergh neamt in segel út 1456, hast identyk oan it segel fan Frjentsjer út 1313, mei in keizer op in troan, yn de rjochterhân in septer, yn de linker in ryksappel; oan beide kanten fan him twa knibbeljende persoanen, rjochts in mûnts, dy't in boek ophâldt, links in kriichsman mei in spear.

Sjoch ek

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.