It wapen fan Frjentsjer is it wapen dat foarhinne troch de yn 1984 ophefte gemeente Frjentsjer fierd waard en dat noch altyd yn gebrûk is foar de stêd Frjentsjer. It wapen bestiet út in blau fjild mei dêrop in liedklok fan goud (giel).
It âldste stedssegel mei in klok derop datearret út 1496. Frjentsjer wie doedestiden in foaroansteande stêd mei in grutte en wichtige klokslach, it gebiet bûten de stedswâlen dat oan 'e stedsrjochten en -plichten ûnderwurpen wie. Der wurdt wol tocht dat it symboal fan 'e liedklok dêrfan ôflaat is.
It wapen fan Frjentsjer hat as skyldhâlders in dûbele foarm fan Seares, de Romeinske goadinne fan 'e lânbou en yn 't bysûnder fan it nôt (dêrfandinne de nôtskeaf yn 'e earms fan 'e skyldhâlders). Yn 'e folksmûle wurde de skyldhâlders lykwols sjoen as twa fromme fammen dy't it wapen omjouwe om te bewizen dat de Frjentsjerters ûnrjochtlik wol útskeld wurde foar 'klokkedieven'.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|