It wapen fan De Fryske Marren is it wapen dat troch de gemeente De Fryske Marren fierd wurdt. Dy gemeente waard oprjochte op 1 jannewaris 2014 út 'e eardere gemeenten Gaasterlân-Sleat, Lemsterlân en Skarsterlân en it doarp Terherne fan Boarnsterhim. It wapen waard yn 2015 troch de Hege Ried fan de Adel oan De Fryske Marren takend.
Beskriuwing
De offisjele beskriuwing is sa:
"Weagjend trochsnien; I yn goud in springende hazze fan keel; II yn azuer in ryksapel fan goud. It skyld bedutsen mei in goudene kroan fan trije blêden en twaris trije pearels."
Utlis
"Trochsnien" wol sizze dat it skyld troch in horizontale line yn twaen spjalte is, mei in boppediel en in ûnderdiel. "Weagjend" jout oan dat de dielline yn rûne foarmen op- en delgiet. "Goud", "keel" en "azuer" binne heraldyske termen foar giel, read en blau. It boppeste diel fan it skyld is dus giel mei in reade hazze, wylst it ûnderste diel blau is mei in giele ryksapel, in symboal fan regear en territorialiteit.
It wapen fan De Fryske Marren is sterk basearre op 'e wapens fan 'e foargongers fan 'e nije gemeente. De hazze komt út 'e wapens fan Gaasterlân-Sleat en Skarsterlân, en giet tebek op 'e wapens fan 'e gemeenten Gaasterlân en Haskerlân, dy't by de grutte gemeentlike weryndieling fan 1984 opheft waarden. De ryksapel kaam ek foar yn 'e wapens fan Lemsterlân en it yn 1984 ophefte Doanjewerstâl.
Wêr't de ryksapels dêrfoar weikamen, is ûnwis, mar it tinken is dat se út it wapen komme fan in grytman dy't oer sawol Lemsterlân as Doanjewerstâl regearre hat. Wêr't de hazze fan Gaasterlân wei komt, is folslein ûndúdlik, mar yn it gefal fan Haskerlân gie it om in saneamd sprekkend wapen, mei't de namme 'Haskerlân' opfette waard yn 'e sin fan 'lân fan haskes', en der sadwaande in hazze yn it wapen set waard.
Behalven de heraldyske stikken komme ek de kleuren fan it wapen fan De Fryske Marren út 'e wapens fan 'e eardere gemeenten, Boarnsterhim ynbegrepen. Allinnich it sulver (wyt) fan it wapen fan Lemsterlân ûntbrekt datoangeande. Fierders ferwiist de weagjende skiedingsline, krekt as de namme fan 'e nije gemeente, nei de wetterrykheid fan 'e krite.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side. |