It wapen fan Barradiel is it wapen dat fan 1851 oant 1984 troch de gemeente Barradiel fierd waard en dêrfoar troch de gritenij Barradiel. It datearret út 'e earste helte fan 'e santjinde iuw, en liet oarspronklik in út fiif dielen besteand pealwurk sjen. Dat hold de oantins libben oan it seewarrend wetterskip 'De Fiif Dielen', wêrfan't de namme ferwiisde nei de Frjentsjerter Fiifdielen, dêr't yn 'e fjirtjinde iuw de gritenijen Barradiel, Baarderadiel, Hinnaarderadiel, it âlde Frjentsjerteradiel en Menameradiel út fuortkamen.
Letter ûntjoech it wapen fan Barradiel him ta syn hjoeddeistige foarm, wêryn't it bestiet út twa blauwe flakken, ien ûnder en ien boppe, dy't yn 'e midden skaat wurde troch in brune bân, oan 'e ûnderkant begrinzge troch in houten beskoeiïng. It ûnderste blauwe flak stelt de see foar, en de brune bân de seedyk. Op 'e brune bân rêst in nôtskeaf fan goud (giel). Oarspronklik hearde de skeaf net op 'e seedyk te stean, mar yn it flak dêrboppe, dat doe grien wie en it lân efter de dyk foarstelde. Tsjintwurdich is dat flak lykwols ek blau en stelt it de loft foar.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|