Waldsolms | |
---|---|
![]() | |
Flagge | Wapen |
![]() |
![]() |
Polityk | |
Lân | ![]() |
Dielsteat | ![]() |
Lânkring | ![]() |
Sifers | |
Ynwennertal | 4.732 (31.12.2019) |
Oerflak | 44,75 km² |
Befolkingstichtens | 106 / km² |
Hichte | 277 m |
Oar | |
Tiidsône | UTC+1 |
Simmertiid | UTC+2 |
Webside | www.waldsolms.de |
Waldsolms is in gemeente yn de Dútske dielsteat Hessen. De gemeente makket diel út fan de Lahn-Dill-Kreis.
Yndieling
Waldsolms bestiet út de Ortsteilen Brandoberndorf, Griedelbach, Hasselborn, Kraftsolms, Kröffelbach en Weiperfelden en ûntstie yn 31 desimber 1971 by de hessyske weryndieling. Oant dy tiid wiene de plakken selstannige gemeenten. Brandoberndorf is it haadplak fan de gemeente.
Troch de gemeente streamt de 24,6 kilometer lange Somsbach, dy't yn de Lahn útmûnet.
It besjen wurdich
De gemeente leit yn it Taunusberchtme en is ryk oan natoer. In pear doarpstsjerken en in tal fakwurkhûzen foarmje de kultuermonuminten fan de gemeente.
De Wikipedy hat ek in side Sint-Antoniuskleaster (Waldsolms).
Dêrnjonken wurdt it koptyske kleaster by Kröffelbach troch fral de koptyske mienskip yn Dútslân drok besocht.
Ofbylden
- Kraftsolms
- Monumintale linebeam yn Griedelbach
- Protestantske tsjerke fan Kröffelbach
![]() Wikimedia Commons | Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Waldsoms fan Wikimedia Commons. |
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.