Waldbronn
Roomske tsjerke fan Etzenrot
FlaggeWapen
Polityk
Lân Dútslân
Dielsteat Baden-Württemberg
LandkreisKarlsruhe
Sifers
Ynwennertal13.080 (31.12.2019)
Oerflak11,35 km²
Befolkingstichtens1152 / km²
Hichte261 m
Oar
Stifting1972
TiidsôneUTC+1
SimmertiidUTC+2
Websidewww.waldbronn.de

Waldbronn is in gemeente yn it Albtal yn it noarden fan it Swarte Wâld. It doarp heart by de Landkreis Karlsruhe yn de Dútske dielsteat Baden-Württemberg.

Geografy

Waldbronn leit oan de râne fan it Alb-Pfinz-plato yn 'e delling fan de rivier de Alb, likernôch 10 kilometer súdeastlik fan Karlsruhe.

Yndieling

De gemeente bestiet sûnt 1972 troch gearfoeging fan de folgjende plakken (Ortsteile):

  • Busenbach (ynwennertal 2019: 5883)
  • Etzenrot mei Neurod (ynwennertal 2019: 2184)
  • Reichenbach (ynwennertal 2019: 5512)

In jier earder wiene Reichenbach en Etzenrot al ta ien gemeente fusearre. De trije plakken hawwe in âlde skiednis en waarden yn 1292 foar it earst neamd.

Religy

Waldbron is in roomsk-katolike gemeente. Alle trije plakken hawwe in katolike tsjerke. Sûnt 1973 is der ek in protestantske gemeente mei in tsjerke yn Reichenbach.

Berne

  • Edmund Becker (berne yn 1948), Dútsk fuotballer
  • Max Giesinger (berne yn 1988), Dútsk sjonger
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.