Wagenborg Passazjierstsjinsten
MS Oerd
MS Oerd
NammeWagenborg Passazjierstsjinsten
Oprjochte1905
PlaknammeDelfsyl
WebsteeWebside WPD
Dizze side giet oer de feartsjinst nei de Waadeilannen. Foar it memmebedriuw, sjoch: Keninklike Wagenborg.

Wagenborg Passazjierstsjinsten is in Nederlânske rederij dy't feartsjinsten útfiert tusken Lauwerseach en Skiermûntseach en fan Holwert nei It Amelân. Wagenborg Passazjierstsjinsten is yn 1905 oprjochte as ûnderdiel fan it yn 1898 oprjochte Keninklike Wagenborg

Skiednis

Foar de iuwwiksel is Egbert Wagenborg begûn as transporteur foar frachtferfier. Fan 1905 ôf waard dêr in feartsjinst oan tafoege fan Delfsyl nei Emden, en fan 1909 ôf ek fan Delfsyl nei Borkum en Norderney.

Om't ferfier nei Dútslân om 1915 hinne dreech waard (Dútslân wie belutsen yn de Earste Wrâldkriich) en de tsjinst nei Emden net mear mooglik wie, socht Wagenborg in alternatyf foar de fearboaten. Dat waard fûn yn in simmertsjinst fan Grins fia Sâltkamp nei Skiermûntseach.

Foppe de Jong in ûndernimmer út Nes, dy't sûnt 1901 de feartsjinst fanôf Holwert nei It Amelân en sûnt 1905 de feartsjinst fan De Skâns nei Skiermûntseach fersoarge kaam yn de Earste Wrâldkriich yn problemen, brânstof foar de motorboaten dy't in petroaljemotor hiene, wie net mear te leverjen. Wagenborg, de eksploitant dy't in pear jier earder ek in feartsjinst nei Skiermûntseach ynsteld hie, fear mei stoomboaten en stienkoal wie noch al beskikber. De tsjinst waard tydlik oerdroegen oan Wagenborg, mar yn 1921 waard dit definityf.

De Twadde Wrâldkriich wiene drege jierren om de fearboaten farrende te hâlden. Fan 31 maaie op 1 juny 1940 waard de Ameland bombardearre wylst it yn Nes oan de steger lei. It skip rekke swier skansearre, lyk as in part fan de steger. (Dizze steger lei op it plak fan de hjoeddeiske "oude steiger".) Fan de Waddenzee waarden alle ruten fernield, en der siet in dûk yn it foarskip. Alline de Waddenzee koe wer opknapt wurde. Mar it soe noch oant en mei oktober dat jier duorje eart de steger wer te brûken wie.

Troch de ynpoldering fan de Lauwerssee wie de ferbining fan De Skâns ôf net mear goed mooglik. By de oanlis fan de ôfslútdyk waard noch in skoftke fan De Skâns ôf en troch de nij boude slûs fearn, mar nei't ein 1969 de nije fearhaven fan Lauwerseach oanlein wie, waard de ferbining mei Skiermûntseach út dizze fearhaven wei ûnderholden.

De tsjinsten fan De Skâns nei Skiermûntseach en dy fan Holwert nei It Amelân waarden útfierd yn opdracht fan it ryk, wêrby't Wagenborg as oannimmer fungearre. Troch Wagenborg waard dêrneist foar eigen rekken in tsjinst ûnderhâlden fan Sâltkamp nei Skiermûntseach. Dit bleau sa oant it ryk de feartsjinsten privatisearje woe. Yn 1985 barde dit, en sûnt dy tiid is de feartsjinst nei Skiermûntseach en It Amelân folslein yn hannen fan WPD.

Rottum en Monnik yn de haven fan Lauwerseach

Yn opdracht fan rederij Wagenborg. waarden der twa nije skippen boud foar de rûte Holwerd - It Amelân Dizze skippen Sier en oerd kamen datselde jier noch yn tsjinst by de rederij.

Nei de oanskaf fan dizze twa (hast) identike skippen koe de rest fan de float ferkocht wurde of ynset wurde op de rûte Lauwerseach-Skiermûntseach. It skip Prinses Maria Louise waard ferkocht oan rederij T. den Breejen te Sieriksee. De skippen Prins Willem IV en Prinses Anna waarden ynset op de rûte Lauwerseach-Skiermûntseach, en waarden omdoopt ta Brakzand, en respektyflik Simonszand.

Nettsjinsteande dat de skippen dy't op It Amelân farden, noch mar tsien jier âld wiene, die bliken dat ze de hieltyd groeiende passazjiersstream net folslein ferwurkje koene. Dêrom waarden der yn de jierren 90 plannen makke foar in nij skip. Oktober 1994 kaam de nije Sier yn tsjinst en de âlde Sier waard omdoopt ta Rottum en kaam te farren tusken Lauwerseach en Skiermûntseach, om dêr de Simonszand te ferfangen.

Yn 2003 kaam der wer in nij skip de Oerd, en ek de âlde Oerd gie troch nei Skiermûntseach en krige de namme Monnik. Dizze ferfong dêr de Brakzand.

Tusken 2015 en 2020 ûnderhold Wagenborg in wettertaksytsjinst mei It Amelân en Skiermûntseach, de wettertaksys "Kluut", "Plevier" en "Stern" dy't ynset waarden koene maksimaal 12 passazjiers ferfiere. Nei dat de twa snelboaten by Wagenborg Passazjierstsjinsten yn tsjinst kamen sakke de fraach nei de wettertaksys yn en besleat Wagenborg mei dizze ûndernimming op te hâlden.[1]

Boaten

Eardere boaten

#NammeBoujierYn tsjinstFarrûteOmdooptFarrûteUt tsjinstOpmerkingen
Anna Meika19051905D-E,
D-B
1909Ferkocht (Súd Afrika)
Vooruitgang18791908D-E,
D-B
Vooruitgang II18911908D-E,
D-B,
G-S
1918Sloopt,
yn in stoarm op drift rekke en brutsen.
Ameland19071919H-A1940Sloopt,
yn 1940 troffen troch in bom
Vooruitgang IV19051923E-S,
H-A
Franziska19141918E-S1919Tydlik yn tsjinst as ferfanger fan de ferlern giene Foarútgong II
Schiermonnikoog19181918E-S1948Ferkocht
Vooruitgang III1918G-S,
S-S,
H-A
Vooruitgang II1921D-E,
S-S
1927Ferkocht (Dútslân)
Waddenzee19211921H-A,
E-S
1969Ferkocht (Harns)
Toerist19171927D-E,
D-B
1938Ferkocht
Brakzand1928E-S,
H-A
1968Ferkocht,
Fart no as rûnfeartboat oer it waad.[2]
Bavaria191419231940Brûkt om passazjiers by de echte fearboat te krijen.
foardere troch de marine, en letter de Dútske besetters, ferlern gien yn de twadde wrâldkriich.
Agger19361936H-A,
E-S
1948Ferkocht
Ameland19471947H-A
Borndiep19491949H-A,
E-S
1964Ferkocht
Monnik19491949S-S,
E-S
1970Ferkocht,
1982 sloopt
Friesland19501950H-A1976
Schiermonnikoog19571957E-S,
L-S,
H-A
1985Ferkocht (Almere)
Rottum19601974L-S,
H-A
1995
Agger
1996Ferkocht (Almere)
Prins Johan Willem Friso19611961E-S,
L-S,
H-A
1985Ferkocht (Frankryk)
Prinses Maria Louise19641964H-A,
L-S
1985Ferkocht (Sieriksee)
Prins Willem IV19671967H-A1986
MS Brakzand
L-S2005Ferkocht, (Nikaragûa)
Prinses Anna19681968H-A1986
MS Simonszand
L-S1997Ferkocht, (Alde-Tonge)
Ameland1973H-A,
L-S
1986
MS Esonborg19992007E-S2013Skip is in charterskip

Hjoeddeistige boaten

#NammeBoujierYn tsjinstFarrûteOmdooptFarrûteOpmerkingen
MS Sier19851985H-A1995
MS Rottum
L-S
MS Oerd19851985H-A2003
MS Monnik
L-S
MS Sier19941995H-A
MS Oerd20032003H-A
MS Fostaborg20182018H-A2019
Esonborg
L-S,
E-S
Snelboat
MS Fostaborg20122019H-ASnelboat

  • D-E, Delfsyl - Emden
  • D-B, Delfsyl - Borkum
  • G-S, Grins - Skiermûntseach
  • S-S, Sâltkamp - Skiermûntseach
  • H-A, Holwerd - It Amelân
  • L-S, Lauwerseach - Skiermûntseach
  • E-S, De Skâns - Skiermûntseach

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.