In waarpresintator, waarman of waarfrou is immen dy't op de radio, telefyzje of op it ynternet de lêste foarsizzings oer it waar bringt.

De foarsizzings op tillefyzje. wurde meast brocht mei ôfbylden en animaasjes. Waarpresintators binne meast in fêste kloft minsken. Waarman is meast har ienichste funksje op de stjoerder. It waarpraatsje wurdt meast op in fêste tiid holden (meast nei in nijsútstjoering).

It is net ferplicht dat waarpresintatoaren meteorolooch binne. Op telefyzje is dat dochs meast wol sa. Bekende Fryske waarmannen binne Hans de Jong, Piet Paulusma en Gerrit Hiemstra.

Yn Nederlân wurde de waarfoarsizzings fersoarge troch it KNMI.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.