Waarkunde is dat part fan de dampkringwittenskip dêr't de klam lein wurdt op stúdzje fan de prosessen dy't de grûnslach binne fan it waar en it registrearjen en foarsizzen fan it waar. Mei help fan mjittings fan ûnder oaren de temperatuer, de luchtdruk, de wietens en de delfal by ferskate waarstasjons wurdt in model foarme fan de tastân fan de dampkring. Op basis fan dat model wurde dan foarsizzingen dien oer it waar in de kommende tiid. It giet dan meast oer de kâns op sinne, op bewolking of op delfal, de ferwachte wyn en de temperatuersferoarings.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.