Waaierferwulft yn 'e abdijtsjerke fan Bath, Ingelân

In waaierferwulft of in strielferwulft is in ferwulft mei in grutter tal ribben, dy't de foarm oannimme fan de heale beker fan in trompet. De ribben begjinne yn de pilaster of pylder, dy't it ferwulft draacht, en fan dêrwei rinne de ribben yn in waaierfoarm útinoar nei in heger diel fan it ferwulft.

It waaierferwulft ûnstie yn 'e lette gotyk en komt in soad yn Ingelân en Wales foar. Waaierferwulften binne bygelyks te finen yn de Sint-Joariskapel fan it kastiel fan Windsor, de Petruskatedraal fan Exeter en de abdijtsjerke fan Bath.

Sûnt de neogotyk komt it type ferwulft ek spoaradysk yn tsjerken fan Kanada en de Feriene Steaten foar.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

    This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.