Willem Cornelis de Groot (Hollum, 6 oktober 1853 - Ljouwert, 19 july 1939) is in Fryske arsjitekt dy't yn opdracht fan Wenningbouferiening Ljouwert oan it begjin fan de 20e iuw trije buerten yn Ljouwert ûntwurpen hat: de Ald-Yndyske Buert, de Saskiabuert en de Hollanderwyk.
Biografy
W.C. de Groot waard op 6 oktober 1853 berne yn Hollum op It Amelân. Yn 1866 ferliet hy it âldershûs om it timmermansfak te learen yn Saandam. Nei in ferbliuw fan fiif jier yn Saandam fêstige er him yn 1871 as timmerman yn Ljouwert. As iennige soan fan de famylje hoecht De Groot net yn militêre tsjinst, wêrtroch't er de mooglikheid hie om fierder te learen. Hy kaam doe yn tsjinst by boukundige Jacob Izaaks Douma. Nei't er by Douma praktykûnderfining opdien hie, mocht er him yn 1877 boukundige neame. Yn datselde jier boaske De Groot de Nederlânsk-Herfoarme kleanmakkersdochter Hindrikje (Rika) van der Kam.
Yn 1881 makke W.C. de Groot yn opdracht fan it Sint Anthony Gasthûs syn ierst bekende wurk, nammentlik de 'eastlike' stjelp oan Lytse Geast 23. Dêrnei folgen grutte en lytse projekten inoar hurd op, lykas it Diakonessehûs (1904), it Gabbemagasthûs (1906), de Juliana-wjuk fan it Sint Anthony Gasthûs (1910) en folkswenteboukompleksen as de Ald-Yndyske buert (1908), de Saskiabuert (1909) en de Hollanderwyk (1914). De Groot hat jierrenlang húsarsjitekt west by it Sint Anthony Gasthûs yn Ljouwert (1887-1930) en it Popta Gasthûs yn Marsum (1893-1910). Fierders hie er ferskate njonkenfunksjes dy't te krijen hiene mei syn berop as arsjitekt. Sa waard De Groot fan 1894-1919 sekretaris en foarsitter fan de "Friesche Boukring" en bestjoerslid en/of boukundich adviseur fan de Kristlike HBS, it Ritske Boelema Gasthûs, it Diakonessehûs en Wenningferiening Ljouwert. Hy is ek mar leafst 50 jier lang ûnderhâldsarsjitekt fan de Nederlânsk-Herfoarme gemeente.
W.C. de Groot ferstoar op 19 july 1939, 85-jier âld. Hy waard ûnder grutte belangstelling begroeven op it Noarderbegraafplak yn Ljouwert.
Stylskaaimerken
Yn it earstoan wurke W.C. de Groot yn de styl fan it eklektisisme, in mingfoarm fan ferskate stilen lykas de renêssânse en it klassisisme. Fan 1881 ôf keas De Groot foar de neorenêssânse, dy't weromgrypt nei de boukeunst fan de Gouden Iuw.
Mei de iuwwikseling wie der in stylkrieming yn it wurk fan De Groot. Hy liet de neostyl efter him om fierder te gean yn de fernijingsstyl, in styl dy't tsjin de art nouveau of Jugendstil oanhinget. De fernijing yn it wurk fan De Groot is benammen sichtber yn de frisse materiaalkar en de tapassing dêrfan. Kleurige persstien of ferblendstien en aksinten fan kleurich glazuere stien binne karakteristyk yn syn oeuvre.
Betsjutting fan W.C. de Groot
W.C. de Groot hat mei syn arsjitektuer – direkt en yndirekt – yn grutte mjitte it oansjen fan stêden, doarpen en it plattelân yn Fryslân om 1900 hinne bepaald. Foar Ljouwert is De Groot bekend as de arsjitekt fan karakteristike gebouwen lykas it Diakonessehûs (1904), de Juliana-wjuk fan it Sint Anthony Gasthûs (1910) en it Gabbemagasthûs (1906). Dy gebouwen foarmje hichtepunten yn de fernijingsstyl yn Fryslân.
Dêrnjonken hie W.C. de Groot in grut tal pleatsen boud of ferboud yn opdracht fan partikulieren en de gasthuzen dêr't hy húsarsjitekt foar wie. Troch de stylistyske en typologyske fernijings dy't De Groot dêrby trochfierde hat er foaroprinnend west yn de ûntjouwing fan nije pleatstypologyen yn Fryslân.
Uteinlik foarmen de lêzingen fan De Groot oer ûnder oaren de ûntwikkeling fan it Fryske boerehûs en eksperimintele pleatsebou, in ynspiraasjeboarne foar oare arsjitekten, boukundich opsjenners en timmerlju yn Fryslân.
Keunstwurk
Yn 2002 waard er yn Ljouwert eare mei in keunstwurk fan byldzjend keunstner Walter Baas en waard boppedat it plantsoen wêryn 't it wurk stiet nei De Groot ferneamd: it W.C. de Grootplantsoen.
W.C. de Groot-projekt
Yn 2009 organisearre it Frysk Museum fan 19 april oant 13 septimber in eksposysje oer W.C. de Groot. Yn it ramt fan dat projekt ferskynde yn dat jier ek in monografy oer W.C. de Groot by de Friese Pers Boekerij.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|