Wâldpyk Brouwerij is in bierbrouwerij yn Beetstersweach en is oprjochte yn 2020 troch Ronny Wagenaar.
Skiednis
Yn jannewaris 2020 waard it earste kommersjele bier broud. De brouwer hat yn syn skuorre in lytse brouynstallaasje stean dêr't er de lytsere batches brout. Foar gruttere batches wurdt gebrûk makke fan de fasiliteiten fan Tsjerkebier yn Easterwierrum. It sukses fan Abe, it bier broud mei gers út it Hearrenfeanstadion, hat de trochslach jûn foar in folgjende stap.
Yn july 2021 is de brouwerij ferhuze fan It Hearrenfean nei Beetstersweach. Yn in âld pân oan de Haadstrjitte binne Ronny en syn frou Jolanda in winkel mei bierspesjaalsaak Biergek anneks brouwerij úteinset.
Hjoed-de-dei
Efter de winkel komt de hjoeddeistige lytsskalige brouwerij mei in tsjettelkapasiteit fan hûndert liter. Hjir sille nije bieren ûntwikkele wurde en lytse batches broud wurde. Foar de gruttere batches wurdt noch hieltyd broud yn de tsjettels fan Tsjerkebier.
Assortimint
- Wâldpyk Trije - Tripel
- Wâldpyk Stikelwetter - mei jalapeño
- Wâldpyk Sinne - Mandarijn saison
- Abe - mei gêrs út it Abe Lenstra Stadion yn it Hearrenfean
- Fjoer Fretter - mei de hietste pipers Carolina Reaper, Trinidad Scorpion en Naga Jolokia/Ghost Pepper