Vriescheloo
Lokaasje Vriescheloo yn eardere gemeente Bellingwedde
Lokaasje Vriescheloo yn eardere gemeente Bellingwedde
Polityk
Provinsje Grinslân
Gemeente Westerwâlde
Sifers
Ynwennertal955 (1 jannewaris 2019)
Oar
Postkoade9699
Koördinaten53° 4' NB, 7° 7' EL

Vriescheloo (Grinslânsk: Vraiskeloo) is in doarp yn de gemeente Westerwâlde yn Grinslân. It hie op 1 jannewaris 2019 955 ynwenners. Foar 1 jannewaris 2018 hearde Vriescheloo by de gemeente Bellingwedde, dy't doe mei de gemeente Vlagtwedde gearfoege waard ta de nije gemeente Westerwâlde.

De namme soe komme kinne fan Friezen dy't har yn of by de bosk (loo) fêstigen. Troch de fynst fan in fundearring fan in stienhûs yn de útfiering fan ruilverkavelingswurk blykte dat der yn de 13e/14e iuw in wenkonsintraasje wie op it fean.

Nei dizze perioade fêstige men him op de heger lizzende sânrêch oan de hjoeddeiske buorren. De Oksedyk wie ûnderdiel fan de eardere hannelsrûte tusken Wynskoat, Bourtange en Múnster.

In úteinlike doarpsstruktuer, mei in 18e-iuwske tsjerke fan Vriescheloo as middelpunt, ûntstie yn de tiid fan de Frânske oerhearsking.

Yn it begjin fan de 20e iuw foarme de buorren fan Vriescheloo in lang lint fan bebouwing. Der wennen doe benammen minsken dy't yn de lânbou wurken, en in tal winkellju. Der hat earder ek in bierbrouwerij stien. Men fermakke him yn dy tiid mei merke, feekeurings, tentoanstellings, mei as hichtepunt de hurdraverijen fan hynders.

Nei de oarloch ûntstie in nije kearn mei in soad nijbou, wylst it winkelbestân hieltiten fierder efterút gie. Letter is der mear rekreaasje komd.

Yn it doarp stiet de monumintale nôtmole De Korenbloem.

Galery


Westerwâlde
Doarpen:
AgodorpBarnflairBellingwoldeBlijhamBourtangeJipsingboertangeLyts-Ulsda • Morige • Aldeskâns • Over de Dijk • Rhederbrug • SellingenTer ApelTer ApelkanaalVeelerveenVlagtweddeVrieschelooWedderheideWedde • Wedderveer • Zandberg
Buorskippen:
Abeltjeshuis • Bakovensmee • Borgertange • Borgerveld • Burgemeester Beinsdorp • De Bruil • De BultDen Ham • Ellersinghuizen • Hanetange • Harpel • HasseberchHebrecht • 't Heem • Hoorn • Hoornderveen • JipsingboermusselJipsinghuizen • Koudehoek • Lammerweg • Laude • Lauderbeetse • Laudermarke • Lauderzwarteveen • Leemdobben • De Lethe • Lutjeloo • De MatenMunnekemoer • Overdiep • Pallert • Plaggenborg • Poldert • Renneborg • Rhederveld • Rijsdam •Roelage • 't Schot • Sellingerbeetse • Sellingerzwarteveen • Slegge • Stakenborg • Stobben • Ter Borg • Ter Haar • Ter Walslage • Ter Wisch • Tjabbesstreek • Veele • Veerste Veldhuis • Vlagtwedder-Barlage • Vlagtwedder-Veldhuis • Weende • Weenderveld • Weite • Wessingtange • Westeind • Wollingboermarke • Wollinghuizen • Wynskoaterhegebrêge • Zuidveld • SânwykZethuis • Zuiderburen
Wetter:
B.L. TijdenskanaalMussel-AaMussel-Aa-kanaalRuiten AaRuiten-Aa-kanaalTer ApelkanaalWesterwâldske Aa
wizigje
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.