Voorthuizen (Nedersaksysk: Voorthuzen) is in doarp in de gemeente Barneveld, yn de provinsje Gelderlân. It doarp leit yn de Gelderske Fallei, net fier fan de westflank fan de Feluwe, en hat 11.340 ynwenners (2021[1]), it op ien nei grutste doarp fan de gemeente.
Lizzing
It doarp leit om it krúspunt fan de Alde Rykswei en de wei Putten-Barneveld. It buorskip Zeumeren, tusken it doarp en bedriuwenterrein Harselaar,heart ta Voorthuizen. Omlizzende stêden en doarpen binne ûnder oare Nijkerk, Barneveld, Putten, Terschuur, Kootwijkerbroek en Stroe.
Natoer
By Voorthuizen binne ferskate bosken lykas de Wilbrinkbosk en Boeschoten, heideterreinen, de Appelske heide, en plasse as it rekreaasjegebiet Zeumeren. Huzzinge "Sandbergen" is in lânhûs mei inkele goed bewarre bygebouwen yn de "Wilbrinksbosk". De natoer om Voorthuizen herberget net allinnich seldsume bisten as iisfûgels, dassen, blynslang, en njirren, mar ek seldsume planten as de klokjesgintiaan en it miggefangerke.
Toerisme
Voorthuizen is in toeristysk doarp, lizzend yn de Gelderske Fallei, net fier fan de westflank fan de Feluwe. Ten easten fan it doarp, oan de Alde rykswei (no Apeldoarnskestrjitte), lizze in soad campings. Ten súdeasten, oan de A1, leit it rekreaasjegebiet Zeumeren mei middenyn de Zeumerenplasse, dat per jier sa'n 220.000 besikers lûkt. Yn 2008 wie der in stiging fan it besikersoantal, doe kamen der úteinlik 318.000 minsken yn (2008[2]) it rekreaasjegebiet.
Wiken
Voorthuizen is te ferdielen yn inkele wiken. Yn it westen fan Voorthuizen leit De Maat en De Seeheldebuert, yn it suden Wikselaar, yn it easten De Steenkamp en yn de midden De Wheem en De Kromme Akker. Ten noarden fan Voorthuizen is in nije wijk yn oanbou. De namme fan de nije wyk is Blankensgoed, betocht trocch inkele minsken dy't meidienen oan in nammejouwingswedstryd dy't útskreaun wuie troch Pleatslik Belang Voorthuizen. Yn it sintrum fan Voorthuizen, om de Haadstrjitte sitte in soad winkels. Yn 2007 en 2008 hat it sintrum in grutte metamorfoaze ûndergien. Yn 2015 sil begûn wurde mei de wyk Holzenbosch, in namme dy't ferwiist nei it gebiet, yn it bysûnder nei in pleats oan de Baron van Nagellstraat. De pleats is resint ôfbaarnd, mar sil mooglik wer opboud wurde.
Skiednis
Voorthuizen is, neffens de oerlevering ûntstean troch troch in fuorde yn de net mear besteande Ganzenbeek, dêr't de Hessenwei fan Amsterdam nei Dimter troch hinne rûn. De lizzing oan dizze Hessenwei en de krusing mei de hannelswei Hurderwyk-Wageningen, makke fan Voorthuizen in wichtich halteplak.
Yn 1809 waard de nije strjitwei (Alde Rykswei) iepene, dy't it doarp yn twaen splite. Yn 1972 waard de nije rykswei ten suden fan Voorthuizen iepene.
Troch de neioarlochske skaalfergrutting fan Definsje waard it oantal lânmachtkazernes op de Feluwe útwreide. Sa ek troch de tichtbylizzende kazerne Wittenberg yn Stroe, sûnt 1978 de Generaal Majoor Koot Kazerne. Dêrtroch moasten in soad militêren yn de regio hûsfeste wurde. Mannichien keas foar Voorthuizen, wêrfoar't wenningen boud wurde moasten. Sa ûntstie ein jierren 50 de earste nijbouwyk fan Voorthuizen. Yn dizze wyk om de Jan de Jagerwei waarden in soad militêren hûsfêste kreas sortearre nei militêre rang. Sa kaam it dat dizze wyk yn de folksmûle Lyts Korea neamd waard. Troch de komst fan dizze militêren en de neioarlochske ûntwikkeling fan toerisme kaam der in ferskowing fan tradisjonele agraarjers nei breder oriïntearre bewenners. Dizze beide ûntwikkelingen hawwe derfoar soarge dat oant hjoed-de-dei Voorthuizen in liberalisearjende rol spilet yn de gemeente Barneveld.
Rûnwei Voorthuizen
Al sinds de jaren zeventig heeft de gemeente Barneveld plannen om het verkeer op de N303 (Alde Rykswei Hurderwijk-Ede), de wei dy't dwers troch Voorthuizen rint, te ûntlêsten. Troch it steatenakkoard fan de Provinsje Gelderlân hat de koalysje him útsprutsen foar in westlike omwei om Voorthuizen. Dit beslút is foarútrinnend op de definitive MER (Miljeu Effekten Rapportaazje). De oanlis sil op syn gausten yn 2012 syn beslach krije.[3]. Ferwachte wurdt lykwols dat de oanlis fan de rûnwei noch wol in skoft op him wachtsje litte sil.
Plomfee
Om Voorthuizen en yn de rest fan de gemeente Barneveld steane in soad plomfeebedriuwen. Yn de heule gemeente binne ûngefear 2,9 miljoen hinnen te finen (2004). Doe't der op in plomfeehâlderij oan de ferbiningswei yn Voorthuizen begjin augustus 2006 in mylde fariant fan de fûgelgriep ûntdekt waard, bruts der lichte panyk út yn de plomfeesektor yn de gemeente Barneveld, omdat de gemeente 3 jaar earder (2003) al troffen wie troch in agressive fariant fan it firus, wêrtroch't in soad pleatsen romme wurde moasten en sommige boeren fallyt gienen. De útbraak fan fûgelgryp ein augustus 2006 yn Voorthuizen helle de lanlike media.
Religy
Yn Voorthuizen binne meardere tsjerken, lykas de Roomsk-katolike Tsjerke, Grifformearde Tsjerke, de Herfoarme Gemeente Voorthuizen, de Nij-Apostoalyske Tsjerke en de evangelyske gemeente It Krúspunt, dy't tsjnsten hâldt yn doarpssintrum 't Trefpunt yn Voorthuizen. Leauwe spilet in grutte rol yn it deiske libben fan de gemiddelde Voorthuizener, sjoen it oantal tsjerken.
Sportferienings
Voorthuizen hat meardere sportferienings:
- kuorbalferiening Spirit
- Fuotbalferiening VVOP (Voetballen Voor Ons Plezier), dy't yn 1948 oprjochte waard troch de Voorthuizenske mienskip. It earste alvetal fan VVOP spilet yn de 3e klasse East. Der wurdt by de feriening allinnich op sneon spile Sûnt de simmer fan 2006 hat de feriening 2 keunstgersfjlden oanlizze litten.
- Fuotbalferiening De Kieviten, tusken Voorthuizen en Barneveld. Hjir wurdt op sneon en snein spile. De feriening hâldt ek in jierliks buertfuotbaltoernoai.
- follybalferiening SDS (Sterk door Samenspel).
- tennisklup De Harremaat.
- majorettekorps VoMaKo ( VOorthuizens MAjorette KOrps, sûnt 1970).
Fierders kin yn it doarpssintrum 't Trefpunt badminton en tafeltennis spile wurde.
Underwiis
Yn Voorthuizen is allinnich basisûnderwiis te finen. Middelbere skoallen binne der net mear yn it doarp. De eardere mulo- c.q. fû-skoalle oan de Jan Steenstrjitte is inkele jierren lyn fusearre en is de fêstiging yn Voorthuizen opheft. Voorthuizen hat ién iepenbiere basisskoalle: OBS de Regenboog. Dêrneist binne der fjouwer kristlike basisskoallen: De Wheemskoalle, de Keningin Wilhelminaskoalle, de Dr. W. van den Bergskoalle en De Hoeksteen.
Aktiviteiten
Yn Voorthuizen binne it heule jier troch in soad aktiviteiten, diels organisearre troch ferienings, lykas de Floralia, mar ek diels troch de gemeente.
Sa binne der yn de simmer de Voorthuizer Braderyen, it jierlikse Fortis Rinfestyn, dêr't yn it ferline renomearre hurddravers as Dolf Jansen en Lornah Kiplagat oan meidien hawwe.
Jierliks wurdt op de tredde sneon fan septimber, in blommekorso organisearre troch de Floraliaferiening Voorthuizen wêrby't mei blommen fersierde prealweinen troch it doarp ride yn in optocht.
Troch de Oranjeferiening Voorthuizen wurdt der ek jierliks in soad omtinken jûn oan Keninginnedei, mei op de dag sels talleaze aktiviteiten. Op de lêste sneon fan july organisearret dizze feriening it Rispingefeest. Op de earste sneon fan july binne op meardere plakken yn it sintrum dweilorkesten te hearen.
Op de lêste tongersdei fan augustus steane yn de buorren in soad oldtimers by it evenemint 'Senioaren foar senioaren'.
Yn Voorthuizen wurdt elk jier trocch de pleatslike World Servants wurkgroep de Aldjiersdûk organisearre.
Sjoch ek
- List fan ryksmonuminten yn Voorthuizen
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|