Voodoo
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Lex, Voodoo Pornstar
echte nammeAlexandre Boisvert
nasjonaliteit Kanadeesk
berne24 septimber 1977
berteplakToronto (Ontario)
etnisiteit Frânsk-Kanadeesk
Portegeesk
reg. identiteit Franko-Ontariaansk
wurkpaad
wurksum aspornoakteur
jierren aktyf19992016
offisjele webside
ww1.voodoopornstar.com (deade link)

Voodoo, echte namme: Alexandre Boisvert (Toronto, 24 septimber 1977), is in rêstend Kanadeesk pornografysk akteur, dy't ek wol gebrûk makke fan 'e artystenammen Lex en Voodoo Pornstar. Hy sette yn 1999 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile yn mear as sânhûndert films. Voodoo wûn trije kear in prestizjeuze AVN Award. Yn 2016 beëinige er syn karriêre as pornoakteur.

Libben en karriêre

Komôf

Voodoo waard yn 1977 berne yn Toronto, yn 'e Kanadeeske provinsje Ontario. Hy is fan mingd Frânsk-Kanadeesk en Portegeesk etnysk komôf, en heart ta de Frânsktalige minderheid yn Ontario. Syn âldere broer Franco Del Torro is ek pornoakteur.

Karriêre

Yn 1999, doe't er achttjin jier wie, makke Voodoo syn debút yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile er neitiid yn krapoan 750 films, al sitte dêr ek guon fideokompilaasjes tusken dy't gebrûk meitsje fan op 'e nij publisearre âlder byldmateriaal.

Voodoo wie te sjen yn produksjes fan sokke foaroansteande labels as Penthouse, Wicked Pictures, Vivid Entertainment, New Sensations, Evil Angel, Jules Jordan Video, VCA Pictures, Sin City, Adam & Eve, Anabolic Video, Elegant Angel, Devil's Film, Digital Sin en Hustler Video. Fierders wurke er ek wol foar minder bekende studio's, lykas Gina Lynn Productions, Jill Kelly Productions, Metro, Legend Video, Coast to Coast Video, Shane's World, ClubJenna, Caballero Home Video en Pure Play Media. Dêrnjonken wie Voodoo ek in protte yn 't spier foar pornowebsiden op it ynternet, lykas Reality Kings, Brazzers en Muffia.

Under syn karriêre hat Voodoo gearwurke mei aktrises as Ava Addams, Asa Akira, Britney Amber, Brittany Andrews, Eva Angelina, Alexis Amore, Andi Anderson, Veronica Avluv, Bridgette B, Briana Banks, Belladonna, Lexi Belle, Audrey Bitoni, Amy Brooke, Jenna Brooks (Bambi Bliss), Vanessa Blue, Kaycee Brooks, Asia Carrera, Kayla Carrera, Lily Carter, Kimberly Chambers, Cherokee, Renae Cruz, Courtney Cummz, Daisy Marie, Claire Dames, Skin Diamond, Ariella Ferrera, Jada Fire, Ashley Fires, Alexis Ford, Havana Ginger, Sasha Grey, Holly Halston, Nina Hartley, Allie Haze, Kylie Ireland, Jenna Haze, Kylie Ireland, Jewels Jade, Franceska Jaimes, Dani Jensen, Jessica Jewel, Jenaveve Jolie, Julia Ann, Kortney Kane, Eva Karera, Anissa Kate, Bridgette Kerkove, Diamond Kitty, Katie Kox, Melissa Lauren, Francesca Le, Brooklyn Lee, Ashlynn Leigh, Mia Lelani, Sunny Leone, Rebeca Linares, Brandi Love, Shy Love, Gina Lynn, Krissy Lynn, Mariah Madysinn, Janet Mason, Jynx Maze, Marie McCray, Gianna Michaels, Maxi Mikita, Memphis Monroe, Carmel Moore, Crista Moore, Mason Moore, Bree Olson, Brittany O'Neil, Madison Parker, Tera Patrick, Caroline Pierce, Evita Pozzi, Alanah Rae, Alexa Rae, Priya Rai, Ricki Raxxx, Veronica Rayne, Riley Reid, Veronica Rodriguez, Kristina Rose, Natalia Rossi, Rachel Roxxx, Dylan Ryder, Adriana Sage, Savanna Samson, Mônica Santhiago, Hillary Scott, Alexandra Silk, Aurora Snow, Charmane Star, Rachel Starr, Jada Stevens, Misty Stone, Kylee Strutt, Shyla Stylez, India Summer, Stephanie Swift, Alexis Texas, Flower Tucci, Angelina Valentine, Megan Vaughn, Vanda Vitus, Taylor Wane, Amile Waters, Kelly Wells, Sienna West, Jennifer White en Ricki White.

Voodoo wûn trije kear in prestizjeuze AVN Award (de Oscar fan 'e pornowrâld). Yn 2002 wûn er tegearre mei syn frou Nicole Sheridan de priis yn 'e kategory bêste anale sekssêne yn in film foar syn rol yn Taboo 2001: A Sex Odyssey. Yn 2005 wûn er yn 'e mande mei Jessica Drake, Cheyne Collins en Chris Cannon de priis foar bêste orale sekssêne yn in film foar in sêne yn The Collector. En yn 2007 wûn Voodoo yn 'e mande mei 19 oare pornoakteurs en -aktrises de AVN Award foar bêste groepsekssêne yn in fideo foar harren optreden yn Fashionistas Safado: The Challenge. Dêrnjonken waard Voodoo noch tsien oare kearen nominearre foar in AVN Award. Yn 2016 loek er him út 'e pornoyndustry werom.

Priveelibben

Voodoo troude op 24 oktober 2000 mei pornoaktrise Nicole Sheridan. Dat houlik einige lykwols yn in skieding. Ek hied er in relaasje mei pornoaktrise Karlie Montana.

Lichemsskaaimerken

Voodoo is blank, mei in Mediterrane hûdskleur, brune eagen en dûnkerbrún hier. Neffens syn offisjele opjefte is er 1.78 m lang, mei in gewicht fan 75 kg. Hy hat in tatoeaazje fan in tiger op syn rjochterskouder en noch ien fan in earn loftsboppe op syn boarst. Ek hat er piercings troch syn beide earlellen en in tongpiercing.

Prizen en nominaasjes

jier priis resultaat kategory foar har optreden yn
2002 AVN Award wûn bêste anale sekssêne (film) (mei Nicole Sheridan) Taboo 2001: A Sex Odyssey
2004 AVN Award nominearre bêste sekssêne mei in pearke (fideo) (mei Nicole Sheridan) Fetish: The Dream Scape.
'2005 AVN Award nominearre bêste sekssêne mei in pearke (fideo) (mei Nicole Sheridan) Hustler Centerfolds
wûn bêste orale sekssêne (film) (mei Jessica Drake, Cheyne Collins en Chris Cannon) The Collector
2006 AVN Award nominearre bêste groepsekssêne (film) (mei Alexis Amore en Nicole Sheridan) Sentenced
2007 AVN Award wûn bêste groepsekssêne (fideo) (mei Lia Baren, Belladonna, Sasha Grey, Jenna Haze, Melissa Lauren,
Marie Luv, Jewell Marceau, Gianna Michaels, Adrianna Nicole, Caroline Pierce, Sandra Romain, Nicole Sheridan,
Flower Tucci, Chris Charming, Christian, Emmanuel Delcour, Erik Everhard, Mr. Pete en Rocco Siffredi)
Fashionistas Safado: The Challenge
2008 AVN Award nominearre bêste akteur (fideo) Insertz
2009 AVN Award nominearre bêste byrol fan in akteur The Wicked
nominearre meast ûnderwurdearre manlike artyst fan it jier n.f.t.
2010 AVN Award nominearre bêste akteur The Cougar Hunter
2011 AVN Award nominearre bêste triosekssêne (f/f/m) (mei Daisy Marie en Sunny Leone) Sunny's Big Adventure
2013 AVN Award nominearre bêste sekssêne mei in pearke (mei Samantha Saint) The Insatiable Miss Saint
nominearre bêste sekssêne mei in pearke (mei Riley Reid) Ultimate Fuck Toy: Riley Reid

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.