Vonne van der Meer
skriuwer
Vonne van der Meer yn 1986
Vonne van der Meer yn 1986
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteitflagge fan Nederlân Nederlânsk
berne15 desimber 1952
berteplakEindhoven
wurk
prizensjoch tekst
jierren aktyf1976? - no
offisjele webside
DBNL-profyl

Vonne van der Meer (Eindhoven, 15 desimber 1952) is in Nederlânske skriuwster fan toanielstikken en romans.

Biografy

Wurkpaad

Fan der Mear wie de jongste bern yn in húshâlding fan trije. Nei har eineksamen gie se in jier nei de Feriene Steaten, dêr't har leafde foar it toaniel fersterke waard troch de aktearlessen dy't se folge.

Van der Meer folge de rezjyoplieding oan de Amsterdamske Teäterskoalle. Yn 1976 waard har monolooch De Behandeling troch Toanielgroep Centrum útfierd. Yn 1978 waard Van der Meer rezjyassistint fan Franz Marijnen by it RO Theater dêr't se sels ek stikken regissearjen soe, ûnder oaren fan Goethe, Osborne, Frisch en in bewurking fan Plato's Sympoasium. Dêrnei regissearre hja krapoan tsien jier by ûnderskate selskippen lykas Baal, Centrum, De Haachske Komeedzje en it RO Theater. By dat lêste selskip gie yn 1996 ek har toanielstik Weiger nooit een dans yn premjêre.

Yn 1985 ferskynde har earste ferhalebondel, Het limonadegevoel en andere verhalen, wêrnei't se hast alle twa jierren in boek útbrocht. De roman Eilandgasten, besteande út seis ferhalen, mei as ferbinend elemint in fakânsjehûske op Flylân, wurdt as har trochbrek beskôge. It waard it earste diel fan in súksesfolle trilogy mei dat basisgegeven; letter folgen De avondboot en Laatste seizoen. De earste twa dielen waarden ferfilme troch Karim Traïdia.

Sûnt (yn alle gefallen) septimber 2017 is Van der Meer foarsitter fan PEN Nederland, ûnderdiel fan PEN International, in skriuwersorganisaasje dy 't him ynset foar de frijheid fan mieningsutering.

Persoanlik

Vonne van der Meer bekearde har yn 1994 ta it katolike leauwe. Har man, skriuwer Willem Jan Otten, bekearde him in skoft letter ek.

Van der Meer wie fan novimber 2016 in pear jier lid fan it Komitee fan oanrekommandaasje fan VBOK, in feriening dy't Siriz stipet, in stichting dy't help, foarljochting en opfang biedt by net-winske swierwêzen.

Wurk

  • 1985 - Het limonadegevoel en andere verhalen (ferhalen)
  • 1987 - Een warme rug (roman)
  • 1989 - De reis naar het kind (roman)
  • 1991 - Zo is hij (roman)
  • 1993 - Nachtgoed (ferhalen)
  • 1995 - Spookliefde (novelle)
  • 1996 - Weiger nooit een dans (toaniel)
  • 1997 - De verhalen
  • 1999 - Eilandgasten (roman, ferfilme as Eilandgasten (2006))
  • 2001 - De avondboot (roman, ferfilme as De Avondboot (2007))
  • 2002 - Laatste seizoen (roman)
  • 2004 - Ik verbind u door (roman)
  • 2006 - Niemand op heel Vlieland (novelle, yn de rige Literaire Juweeltjes)
  • 2007 - Take 7 (roman)
  • 2009 - Zondagavond (roman)
  • 2009 - December (ferhalen)
  • 2011 - De vrouw met de sleutel (roman)
  • 2013 - Het smalle pad van de liefde (roman)
  • 2015 - Winter in Gloster Huis (roman)
  • 2017 - Brood, zout, wijn (ferhalen)
  • 2019 - Vindeling (roman)
  • 2019 - Zonder Jozef (ferhalen yn de rige Literaire Juweeltjes)
  • 2020 - Naar Lillehammer (roman)
  • 2022 - Gesprekken op maandag. Over de sacramenten (mei Nico de Gooijer)

Literêre en oare prizen

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.