Vleuten-De Meern
Lokaasje fan Vleuten-De Meern yn de gemeente Utert
Lokaasje fan Vleuten-De Meern yn de gemeente Utert
Polityk
Lânflagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Utert
Gemeente Utert
Sifers
Ynwennertal50.502 (2017)[1]
Oar
Postkoade3450 - 3455, 3546
Koördinaten52° 6' NB, 5° 1' EL
Nijbou yn Vleuten-De Meern
In pleats yn de buorskip Themaat
Dizze side giet oer Utertske wyk. Foar de eardere gemeente, sjoch: Vleuten-De Meern (gemeente).

Vleuten-De Meern is in wyk fan de gemeente Utert yn de Nederlânske provinsje Utert. De wyk hat 50.502 ynwenners (Boarne: gemeente Utert, 2021) en is neffens ynwenners de grutste wyk en neffens oerflak, it tredde part fan it totaal gemeente-oerflak, ek fierwei de grutste wyk. Yn de wyk lizze de kearnen Vleuten, De Meern en Haarzuilens en de polder Rijnenburg súdlik fan De Meern.

Vleuten-De Meern wie foar 2001 in selsstannige gemeente. Yn de 1990-er jierren waard mei it grutskalige nijbouprojekt Leidsche Rijn úteinset. Dat projekt wie op it grûngebiet fan de gemeenten Utert en Vleuten-De Meern en wie doetiids de grutste Vinex-lokaasje yn Nederlân.. Yn 2001 waard Vleuten-De Meern by Utert foege, wylst de gemeenterie en it grutste part fan de befoling yn in referindum net by Utert woene. It waard der dochs trochhinne drukt en ek de polder Rijnenburg waard de gemeente Nieuwegein oan de gemeente Utert ôfstien. De nij keazen gemeenterie fan Utert besleat de trije doarpen as offisjele wenkearnen oan te hâlden. It eastlike part fan de eardere gemeente waard part fan de wyk Leidsche Rijn. Tusken de twa wiken yn leit it Máximapark. Yn dat park leit de buorskip Alendorp oan de Alendorpweg, dy't eartiids de dyk tusken Vleuten en De Meern wie.

Wykyndieling

De wyk Vleuten-De Meern bestiet út de folgjende ûnderwiken:

  • Vleuten, Haarzuilens
  • Veldhuizen, Vleuterweide
  • De Meern
  • Rijnenburg

Underwiken wurde ûnderferparte yn buerten. De wyk hat de folgjende buerten, ûnderbeflapt nei wenkearn:

Haarzuilens
Vleuten
  • Haarrijn
  • Vleuten
  • Vleuterweide-Noard, -East en -Sintrum
  • Vleuterweide-West
  • Vleuterweide-Súd, mei útsûndering fan de Zandweg yn it uterste suden fan dy buert, dy't yn de wenkearn De Meern leit
  • Máximapark (mei de buorskip Alendorp)
De Meern
  • Vleuterweide-Súd, allinnich de Zandweg
  • Veldhuizen as De Meern-West neffens de ANWB
  • De Meern-Súd (mei buorskip Reijerscop)
  • De Meern-Noard
  • Bedriuweterrein Oudenrijn
Utert
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Vleuten-De Meern fan Wikimedia Commons.
Wiken en doarpen yn de gemeente Utert
Wiken:
BinnenstêdEast (De Uithof)Leidsche RijnWestOvervechtSúd (HoogravenLunettenTolsteeg en Rotsoord)NoardeastSúdwest (Kanaleneiland)Noardwest (Zuilen)Vleuten-De Meern (Rijnenburg)
Doarpen:
HaarzuilensDe MeernVleuten
Buorskippen:
AlendorpOudenrijn
wizigje
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.