Vladimirtsjerke
Владимирская церковь | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
oblast | Irkûtsk | |
plak | Irkûtsk | |
koördinaten | 52° 17' N 104° 19' E | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Vladislav Andrejevitsj Kûdelski | |
boujier | 1888-1895 | |
boustyl | Pseudo-Russyske arsjitektuer | |
monumintale status | Monumint fan federaal belang | |
monumintnûmer | 3800125000 | |
Webside | ||
Side fan de Vladimirtsjerke | ||
Kaart | ||
De Tsjerke fan Prins Vladimir lyk oan de Apostels of de Vladimirtsjerke of de Wite Tsjerke (Russysk: Церковь Владимира равноапостольного, Владимирская церковь, Бeлая церковь; Knjaze-Vladimirskaja tsjerkov) is in otterdokse tsjerke yn Irkûtsk, Ruslân.
Skiednis
Op 15 july 1888 waard yn it ramt fan it 900-jierrich jubileum fan it kristenjen fan Ruslân de earste stien lein foar de oan Vladimir fan Kiëv wijde tsjerke. De bou waard mooglik makke troch de keapman V.A. Litvintseva. It ûntwerp fan de tsjerke wie ôfkomstich fan de arsjitekt Vladislav Andrejevitsj Kûdelski. De bou kaam yn 1895 ree. Yn 1903 waard der in kleaster by de tsjerke boud foar muontsen.
Tidens it Sovjet-tiidrek waard it kleaster yn 1922 sletten, mar de tsjerke bleau noch oant 1928 as parochytsjerke iepen foar de earetsjinst. Dêrnei naam de NKVD it gebou yn gebrûk, wer letter waard it in weeshûs en dêrnei waard de eardere tsjerke oerdroegen oan in geologysk laboratorium.
Yn 1997 waard de ferfallen tsjerke werom jûn oan it bisdom fan Irkûtsk en Angara en sûnt folge in restauraasje.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Князе-Владимирская церковь (Иркутск)
|