Vierverlaten is in buorskip west fan Hoogkerk yn de gemeente Grins, yn Grinslân.
De buorskip leit op it plak dêr't it Hoendjip de skieding foarmet mei it súdlike Keningsdjip it noardlike Aduarderdjip.
De namme ferwiist nei de fjouwer (d.w.s. twapear) slûsdoarren fan it fallaat (= skutslûs) yn it Hoendjip oan de westside fan it Keningsdjip. Dus net, sa't wol tocht wurdt, nei fjouwer ferskillende slûzen dy't hjir lein hawwe soenen. It is ommers ûnwierskynlik dat der yn alle fjouwer earmen fan it krúspunt fan kanalen in syl lein hat. Ien of twa is feitlik genôch en it wetter dat fia it Keningsdjip fan Drinte moast ûnbehindere trochstreame kinne.
Dat der neist in slûs mei de namme Vierverlaten (it brûken fan it meartal foar in inkelfâldich ding komt yn dizze kontreien wol mear foar) in twadde slûs lein hat, bewiist de namme Kinderverlaat, dy't ek oan dit stee hinget. Dy slûs lei ek yn it Hoendjip en wol oan de eastside fan it Aduarderdjip. Fan slûzen op it plak is no neat mear werom te finen.
Benoarden de buorskip stiet de Súdwendinger Mole, in poldermole út 1819.
Yn april 2017 is benoarden it doarp in koöperatyf sinnepark realisearre mei 7.777 sinnepanielen. By iepening wie dit it grutste sinnepark fan de stêd Grins, wat sa bleau oant de iepening fan sinnepark Woldjerspoor yn septimber 2017.
Grins | ||
---|---|---|
Stêd: Grins | ||
Doarpen: Garmerwolde • Glimmen • Haren • Harkstede (foar in part) • Hoogkerk • Lageland • Lellens • Meerstad • Middelbert • Noarddyk • Noardlaren • Onnen • Paterswolde (foar in part) • Sint-Annen • Ten Boer • Ten Post • Thesinge • Winneweer (foar in part) • Witewierrum • Woltersum | ||
Buorskippen: Achter-Thesinge • Boltklap • Bouwerschap • Bovenrijge • Dilgt • Dorkwerd • Engelbert • Emmerwolde • Essen • Euvelgunne • Felland • Harendermolen • Hemert • Hemmen • Leechtsjerk • Hoornsedijk • Klein Harkstede • Kröddeburen • Lageweg • Lutjewolde (foar in part) • Oosterdijkshorn • Oude Roodehaan • Roodehaan • Slaperstil • Steerwolde • Vierverlaten • Zevenhuisjes | ||
Eardere doarpen en buorskippen: Noorderhoogebrug • Oosterhoogebrug • Ruischerbrug | ||
Wetter: Hoendjip • Noard-Willemskanaal • Paterswoldsemar • Wynskoaterdjip • Van Starkenborghkanaal | ||
wizigje |