Victoria Paris
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Vicky Paris
echte nammeSheila Young
nasjonaliteit Amerikaansk
berne22 novimber 1960
berteplakGreat Falls (Montana)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
wurksum asneakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf19892002
offisjele webside
www.vickyparis.com

Victoria Paris of Vicky Paris, echte namme: Sheila Young (Great Falls (Montana), 22 novimber 1960), is in Amerikaansk rêstend pornografysk aktrise. Hja sette yn 1989 út ein mei in karriêre yn 'e Amerikaanske pornoyndustry, en briek datselde jiers noch troch mei de film Live in Love In. Hja wûn twa AVN Awards en waard ynhuldige as lid fan 'e AVN Hall of Fame. Njonken har aktearwurk wie Paris ek yn 't spier as neakenmodel, stripper en senarioskriuwster.

Libben en karriêre

Jonkheid en oplieding

Paris waard yn 1960 berne yn 'e stêd Great Falls, yn 'e steat Montana. Se studearre fiedingslear oan 'e Steatsuniversiteit fan Montana (MSU), yn Bozeman, en behelle dêr in bachelorstitel yn. Neitiid ferfear hja yn 1987 nei Los Angeles, yn Kalifornje. Dêr fûn se ein 1988 wurk as modderwrakselster yn 'e Tropicana-nachtklub yn Hollywood. Koarte tiid letter waard se neakenmodel; se posearre foar in grut tal Amerikaanske en Jeropeeske neakenblêden, lykas Hustler, Penthouse en High Society.

Pornokarriêre

Yn 1989 makke Paris har debút yn 'e pornografyske film yn in sêne mei pornoakteur Randy West. Hja briek troch mei de film Live in Love In (1989), in pornografyske remake fan 'e mainstream-film Three's Company út 1977, wêryn't Paris, Robert Bullock en Tamara Lee de trije hûsgenoaten spilen. Neitiid wie Paris te sjen yn sa'n 150 ferskillende films, wêrfan't de bekendsten The Chameleon, Beauty & the Beast II, The New Barbarians en The Seduction of Mary binne. Dêrby wurke se û.m. foar sokke foaroansteande labels as Vivid Entertainment, Evil Angel, VCA Pictures en Elegant Angel. Fierders wie Paris ek wol yn 't spier foar de studio's Napali Video en Big Top Video, dy't har talizze op it produsearjen fan films fan it grutte-boarstesjenre.

Victoria Paris yn 'e 1990-er jierren.

Yn 1990 wûn Paris de AVN Award (de Oskar fan 'e pornowrâld) yn 'e kategory bêste nije stjer (al moast se dy diele mei Tori Welles). Yn 1991 wûn se noch in AVN Award foar har rol yn Beauty & the Beast II. En yn 1997 waard se ynhuldige as lid fan 'e AVN Hall of Fame. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) loek Paris har yn 2002 út 'e Amerikaanske pornoyndustry werom, mar binne der oant 2013 noch nije films fan har útbrocht mei earder opnommen materiaal. Njonken har aktearkarriêre wie Paris ek wurksum as stripper, en nei't se namme makke hie as pornoaktrise reizge se jierrenlang as feature dancer by stripklubs yn 'e hiele Feriene Steaten lâns. Yn 'e regel hold se dêrby nei har optreden in fraach-en-antwurdsesje mei har fans.

Paris skreau fierders ek it senario foar de film Decadence, út 1997, wêryn't sysels en har goede freondinne Ashlyn Gere de haadrollen hiene. Nei't it skynt wie dy film ynspirearre trochdat Paris en Gere op harren toernee as strippers op dat stuit gjin film hiene om te promoatsjen. Dêrom besleaten se sels it inisjatyf te nimmen ta de produksje fan in nije film, dy't se ûntwikkelje lieten troch regisseurs John T. Bone en Michael Ninn, en dy't produsearre en distribuëarre waard troch de studio VCA Pictures. Yn 1990 hie Paris fierders in lytse rol yn 'e mainstream-film Time Barbarians. Se wie ek te gast yn it praatprogramma Talking Blue.

Priveelibben

Paris is de bêste freondinne fan pornoaktrise Christy Canyon. Hja har twaris troud west. Har earste houlik, mei in Durwood Small, duorre fan 'e tachtiger oant yn 'e njoggentiger jierren. Paris wertroude op 18 septimber 2000 mei har hjoeddeistige man.

Lichemsskaaimerken

Victoria Paris is blank en hat blûn hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.63 m lang, mei in gewicht fan 49 kg. Se hat kupmaat 38DD, dêr't se in boarstfergruttingsoperaasje foar ûndergien hat.

Prizen en nominaasjes

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
1990 AVN Award wûn bêste nije stjer (dield mei Tori Welles) n.f.t.
1991 AVN Award wûn bêste sekssêne mei in pearke (fideo) (mei ?) Beauty and the Beast 2
1997 AVN Award ynhuldige AVN Hall of Fame n.f.t.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.