Marijnen doe't er minister-presidint waard (1963)

Victor Gerard Marie Marijnen (Arnhim, 21 febrewaris 1917De Haach, 5 april 1975) wie in Nederlânske politikus fan de KVP. Hy wie fan 1963 oant 1965 minister-presidint fan Nederlân; hy late yn dy tiid it Kabinet-Marijnen.

Nei it heljen fan de hbs die Marijnen steatseksamen gymnasium. Hy helle yn 1941 it doktoraaleksamen rjochten oan de Roomsk-Katolike Universiteit fan Nymwegen. Hy arbeide dêrnei by de accountantstsjinst fan it ministearje fan Hannel, Ambacht en Skipfeart en by it ministearje fan Lânbou, Fiskerij en Fiedselfoarsjenning. Yn 1945 wurdt er ûffurdige by de Ried foar it Rjochtswerstel.

Yn 1949 waard Marijnen sekretaris fan de Stichting fan de Lânbou. Yn 1951 folge de beneaming ta algemien sekretaris foar bûtenlandse agraryske hannelsaangelegenheden fan it ministearje fan Lânbou, Fiskerij en Fiedselfoarsjenning. Fan 1957 ôf wie er algemien sekretaris fan de Algemene Katholieke Werkgevers Vereniging en fan it Katholiek Verbond van Werkgeversvakverenigingen.

Yn it Kabinet-De Quay wie Marijnen fan 19 maaie 1959 oant 24 july 1963 minister fan Lânbou en Fiskerij. Dêrnei wie er oant 14 april 1965 minister-presidint, minister fan Algemiene Saken, yn it kabinet mei syn namme. Dat kabinet stroffele op 27 febrewaris 1965 oer de omropproblematyk.

Fan 1965 oant 1966 wie er lid fan de Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal en fan 1965 oant 1968 foarsitter fan it Iepenbier Lichem Rijnmond. 1967 waard er beneamd ta foarsitter fan de PTT-ried en fan 1968 ôf oant syn ferstjerren wie hy boargemaster fan De Haach. Marijnen waard 58 jier.

Hy waard begroeven op begraafplak Westduin yn De Haach.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.