Veenhusen
Polityk
Lânflagge fan Dútslân Dútslân
Dielsteat Nedersaksen
Lânkring Lier
Gemeente Moormerland
Sifers
Ynwennertal4.157 (31-12-2016)
Oerflak15,62 km²
Befolkingsticht.266 / km²
Hichte1 m
Oar
Postkoade26802
Koördinaten53° 17′ 27″ NB, 7° 29′ 33″ EL

Veenhusen is in doarp (Ortschaft) yn de gemeente Moormerland yn de lânkring Lier yn East-Fryslân. Yn 2016 hie it plak 4157 ynwenners op in oerflak fan 15,62 km².

Veenhusen wie in selsstannige gemeente oant er op 1 jannewaris 1973 yn it ramt fan de gemeentlike weryndieling yn Nedersaksen fúsearre mei tsien oare gemeenten ta de nije gemeente Moormerland. De tsjerke fan Veenhusen waard om 1400 hinne boud en befettet in troch Johann Gottfried Rohlfs boud oargel út 1801 en 1802, dy't hjoed-de-dei noch hieltyd tsjinnet.

Yn 1927 waard de fuotbalferiening VfL Fortuna Veenhusen e. V. oprjochte . Hjoed-de-dei is er in feriening dy't yn ferskate difyzjes spilet mei yn totaal 1000 leden.

Yn de simmer fan 2010 ferhuzee de Feriening foar kristlike skoalûnderwiis yn East-Fryslân (Verein für Christiche Schulerziehung in Ostfriesland - VES e. V.) syn haadkantoar fan Großefehn nei Veenhusen. Hy wurket as it skoalbestjoer fan de Frije kristlike skoalle East-Fryslân (Freie Christliche Schule Ostfriesland - FCSO), dat in yntegrearre gearwurkingsferbân is, dy't twa lokaasjes hat yn Veenhusen.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar oare boarnen, sjoch Einzelnachweise op dizze side.

 
Moormerland
Wapen fan Moormerland
Haadplak: Warsingsfehn
Doarpen: BoekzetelerfehnGandersumHatshausenJheringsfehnNeermoorOldersumRorichumTerborgTergastVeenhusen
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.