Veelerveen
Lokaasje Veelerveen yn de eardere gemeente Bellingwedde
Lokaasje Veelerveen yn de eardere gemeente Bellingwedde
Polityk
Provinsje Grinslân
Gemeente Westerwâlde
Sifers
Ynwennertal560 2019
Oar
Stifting1920
Postkoade9566
Koördinaten53° 3' NB, 7° 8' EL
Slûs en mûne Nieman's Meuln by Veelerveen
Noabers Badde

Veelerveen is in lintdoarp yn de gemeente Westerwâlde yn de provinsje Grinslân. It doarp hie yn 2019 560 ynwenners en is ien fan de jongste feankoloanjes yn east-Grinslân.

Skiednis

It plak ûntstie op it plak dêr't de B.L. Tijdenskanaal (1911), it Ruiten-Aa-kanaal (1920) en it Mussel-Aa-kanaal (1916) byïnoar komme. Dy kanalen waarden groeven op oansetten fan de Vereniging ter bevordering van de kanalisatie van Westerwolde dy't troch Boelo Luitjen Tijdens oprjochte waard. Yn 1911 waard úteinsetten mei it Ruiten-Aa-kanaal, tusken Ter Apel en Bellingwolde en yn 1916 waard bewesten dêrfan it Mussel-Aa-kanaal fan Musselkanaal tusken Bellingwolde groeven. Beide kanalen waarden mei de hân groeven ûnder swiere omstannichheden. De kanalen waarden ornearre foar de skipfeart en it foltôgjen dêrfan yn 1920 late ta de ekonomyske ûntjouwing fan Westerwâlde.

Foarhinne wie der ek al wat bewenning, mar nei it oanlizzen fan de kanalen fêstige ierdappelmoalfabryk Westerwolde him yn it doarp. Nei de feanterij waard it doarp foar it grutste part agrarysk.

De kanalen waarden nei de Twadde Wrâldkriich sletten foar de skipfeart en krige allinnich de funksje foar de wetterhûshâlding fan Westerwâlde. De ierdappelmoalfabryk waard troch Avebe sletten en yn de lette tweintichste iuw waard besocht en ûntjou it gebiet foar toerisme. De kanalen waarden fannijs iepene, mar dan allinnich foar de rekreaasjefeart.

Op de kanaalkrusing leit in brêge mei trije earmen: de Noabers Badde, dy't alle trije ouwers ferbynt.

Foarsjennings

Yn Veelerveen stiet in multyfunksjoneel sintrum dêr't trije foarsjennings yn sitte: doarpshûs Naobershoes, in aula en in gymnastykseal. Earder wie der ek in basisskoalle yn dat gebou, mar waard yn 2012 gearfoege mei dy fan Vriescheloo.

Yn de tsjerke waarden oant 2005 noch tsjinsten holden, mar sleat dêrnei. It tsjerkegebou hat hjoed-de-dei in hoarekafunksje.

By de slûs benoarden Veelerveen stiet de nôtmûne Nieman's Meuln.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Groningen, Gids voor cultuur, landschap en recreatie. Basistekst skreaun troch T. Hartman en F.C Kornack, tredde printinge, Grins 2004 ISBN 9052941033, side 353
  • Jubileumuitgave tgv 50-jarig bestaan V.V.Veelerveen (1982)

Westerwâlde
Doarpen:
AgodorpBarnflairBellingwoldeBlijhamBourtangeJipsingboertangeLyts-Ulsda • Morige • Aldeskâns • Over de Dijk • Rhederbrug • SellingenTer ApelTer ApelkanaalVeelerveenVlagtweddeVrieschelooWedderheideWedde • Wedderveer • Zandberg
Buorskippen:
Abeltjeshuis • Bakovensmee • Borgertange • Borgerveld • Burgemeester Beinsdorp • De Bruil • De BultDen Ham • Ellersinghuizen • Hanetange • Harpel • HasseberchHebrecht • 't Heem • Hoorn • Hoornderveen • JipsingboermusselJipsinghuizen • Koudehoek • Lammerweg • Laude • Lauderbeetse • Laudermarke • Lauderzwarteveen • Leemdobben • De Lethe • Lutjeloo • De MatenMunnekemoer • Overdiep • Pallert • Plaggenborg • Poldert • Renneborg • Rhederveld • Rijsdam •Roelage • 't Schot • Sellingerbeetse • Sellingerzwarteveen • Slegge • Stakenborg • Stobben • Ter Borg • Ter Haar • Ter Walslage • Ter Wisch • Tjabbesstreek • Veele • Veerste Veldhuis • Vlagtwedder-Barlage • Vlagtwedder-Veldhuis • Weende • Weenderveld • Weite • Wessingtange • Westeind • Wollingboermarke • Wollinghuizen • Wynskoaterhegebrêge • Zuidveld • SânwykZethuis • Zuiderburen
Wetter:
B.L. TijdenskanaalMussel-AaMussel-Aa-kanaalRuiten AaRuiten-Aa-kanaalTer ApelkanaalWesterwâldske Aa
wizigje
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.