Vasto | ||
Polityk | ||
Lân | Itaalje | |
Regio | Abruzzen | |
Provinsje | Chieti | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 40.381 (2010) | |
Oerflak | 70,65 km² | |
Befolkingsticht. | 577 / km² | |
Hichte | 148 m | |
Oar | ||
Tiidsône | CET (UTC+1) | |
Simmertiid | (UTC+2) | |
Offisjele webside | ||
Webside gemeente Vasto |
Vasto is in stêd yn de Italjaanske regio Abruzzen yn de provinsje Chieti. It stedssintrum leit op in plato boppe de Adriatyske kust. Marina di Vasto, mei in haven en brede sânstrannen heart ek by de gemeente.
Neffens de leginde is de stêd stifte troch in stam út Dalmatië, de earste namme wie Histon. De Romeinen neamden de stêd Histonium, dat in wichtich plak waard. Ut dy tiid binne ek de oerbliuwsels fan it amfiteater en de thermen dy't by de stêd lizze. Nei de delfal fan it Romeinske Ryk waard Vasto ferwoastge troch barbaarske folken. Yn de midsiuwen rekke Vasto yn hannen fan de D'Avalos dy't dêr it ûnbidige Palazzo D'Avalos bouden. Yn dat gebou sitte tsjintwurdich in tal museums, ûnder oaren it Museo Archeologico.
Benoarden Vasto leit Punta Penne, it meast rûge stik fan de Abruzzeeske kust, in beskerme natuergebiet. Tichteby de kaap stiet de lytse tsjerke Madonna di Punta Penne (1887).
It besjen wurdich
Ofbylden
- Castello Caldora
- Piazza Rossetti
- Punta della Penna
Berne yn Vasto
- Gabriele Rossetti (1783–1854), Italjaansk/Ingelsk dichter en gelearde