De famylje Van der Heide út Harns stamt ôf fan de famylje Hemminga út Beetstersweach en kaam yn 1761 nei Harns. Guon bekinden die't út de famylje stamme, bin keatsers, keunstner en in heechlearaar[1].

Fragmintgenealogy

Aijso Haijes Hemminga (±1654-1743) wie in bern fan Aijso Hemminga foar syn houlik. Syn soan Johannes Aijses, dy de namme Hemminga net brukte, kaam yn 1761 mei syn frou nei Harns. Syn soan Eeuwe Johannes kaam letter ek nei Harns mei syn frou Aaltje Jans en fjouwer bern. Twa soannen nimme dêr de namme Van der Heide oan. Oant 1830 komt de namme ek stavere as Van der Heyde foar.

  • Aijso Haijes Hemminga (Drachten, ±1654 - Beetstersweach, 1743), skoalmaster
    • Johannes Aijses (Boerum, 1685 - wsl Harns, 1761/1772), kontroleur, winkelman
      • Eeuwe Johannes (Duerswâld, 1723 - Harns, 1782), roggemûnder, keapman
        • Johannes Eeuwes van der Heide (1767, Gruttegast - 1846, Harns), pakhúsfeint, sjouwer
        • Jan Eeuwes van der Heide (1769, Gruttegast - 1834, Harns), masterferver en glêsmakker, skilder

Bekende Van der Heide's út Harns

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Webstee oer de famylje Van der Heide út Harns
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.