Valwig
Emblemen
Polityk
Lânflagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
lânkringCochem-Zell
Sifers
Ynwennertal435 (2021)
Oerflak5,7 km²
Befolkingsticht.76 ynw./km²
Hichte90 m
Oar
Postkoade56812
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten50° 8'N 7° 12'E
Offisjele webside
valwig.de
Kaart
Valwig (Rynlân-Palts)
Valwig

Valwig is in Ortsgemeinde yn de lânkring Cochem-Zell yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts. Valwig heart by de ferbânsgemeente Cochem en leit oan de rjochter kant fan de Mûzel.

It doarp leit oan 'e foet fan de likernôch 315 meter hege Valwigerberg, dêr it buorskip mei deselde namme leit dat ek by Valwig heart. It haadplak fan de gemeente Cochem leit likernôch 3 kilometer eastlik de stream op.

Skiednis

Yn de earste oarkondes wurdt Valwig as "Falavoia" (866), "Falaveia" (893) en "Valefayer" (1130) neamd. Der wurdt fanút gien dat Valwig al troch de Kelten en Romeinen bewenne waard. Dêr tsjûget de kelto-romeinske oantsjutting "Balbiacum" fan, dat oerset 'delsetting fan de Bablius' bestjut. Valwig is dêrmei ien fan de âldste plakken oan de Mûzel. De besetting fan de lofter kant fan de Ryn yn 1794 troch de Frânske revolúsjetroepen makke in ein oan de iuwenlange ynfloed fan Kar-Trier op it gebiet.

It besjen wurdich

Beafeartstsjerke Marije en Magdalena op de Valwigerberch

De Sint-Martinustsjerke út de jierren 1823-1827 yn Valwig waard troch Johann Claudius von Lassaulx ûntwurpen. It wie de earste neoromaanske tsjerke fan Dútslân.

Op de Valwigerberg stiet de beafeartstsjerke Marije en Magdalena. Nei berjochten fan it ferhearren fan gebeden waard de tsjerke healwei de 15e iuw yn opdracht fan ridder Johann von Winneburg boud.

Tusken de wynbergen fan Valwig, Cond en Bruttig-Fankel rinne twa toeristyske kuierpaden.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur en Einzelnachweise, op dizze side.


    This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.