Valentina Nappi
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Naomi, Kayli Bristol, Valentina,
Valentina B., Valentina Noon,
Valentina N.
nasjonaliteit Italjaansk
berne6 novimber 1990
berteplakScafati (Kampaanje)
etnisiteit Italjaansk
reg. identiteit Napolitaansk
wurkpaad
wurksum asneakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf2011 – no
offisjele webside
valenappi.com

Valentina Nappi (Scafati (Kampaanje), 6 novimber 1990), is in Italjaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise, dy't yn it ferline ek wol gebrûk makke hat fan 'e artystenammen Naomi, Kayli Bristol, Valentina, Valentina B., Valentina N. en Valentina Noon. Hja sette yn 2011 útein mei in wurkpaad yn 'e pornoyndustry en spile yn in grut tal films, benammen foar Amerikaanske filmstudio's. Nappi stiet bekend as in "yntellektuele pornostjer", dy't studearre hat, essays skriuwt en belangstelling foar filosofy hat. Se is sawol in Playboy Playmate as in Penthouse Pet, en yn 2016 wûn se in prestizjeuze AVN Award.

Libben en karriêre

Nappi waard yn 1990 berne yn Scafati, in plak yn 'e neite fan 'e stêd Salerno, yn Italjaanske regio Kampaanje. Se folge in keunstoplieding yn Salerno en anno 2013 studearre se keunstskiednis en design oan 'e universiteit dêre. Se makke har debút yn 'e pornoyndustry mei de bekende Italjaanske pornoakteur Rocco Siffredi yn 2011, doe't se 21 jier wie, nei't se fia e-mail kontakt mei him socht hie. Mids 2019 hie Nappi neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn 595 pornofilms spile.

Inkele fan dy films makke se yn Jeropa, bygelyks foar de Italjaanske Mario Salieri Entertainment Group en foar it Frânske Vidéo Marc Dorcel. Foar it meastepart, lykwols, wurke Nappi yn 'e Feriene Steaten, dêr't se spile yn films fan sokke foaroansteande labels as Evil Angel, Hustler Video, Penthouse, Wicked Pictures, Jules Jordan Video, Digital Playground, Elegant Angel, New Sensations, Devil's Film, Red Light District, Digital Sin en Diabolic Video. Fierders hat se ek wol wurke foar minder bekende studio's, lykas Girlfriends Films, Metro, Mile High Media, Third Degree Films en West Coast Productions. En teffens hat se in protte yn 't spier west foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder BangBros, Reality Kings, Brazzers en Naughty America.

Under har karriêre hat Nappi yn ien sêne spile mei kollega-aktrises as Anikka Albrite, August Ames, Eva Angelina, A.J. Applegate, Abby Lee Brazil, Summer Brielle, Casey Calvert, Vicki Chase, Adriana Chechik, Dana DeArmond, Skin Diamond, Tiffany Doll, Keisha Grey, Marica Hase, Henessy, Peta Jensen, Anissa Kate, Kayden Kross, Francesca Le, Lea Lexus, Mandy Muse, Penny Pax, Riley Reid, Kristina Rose, Nicolette Shea, Natalia Starr, Dana Vespoli en Angela White. Fierders hat se gearwurke mei manlike tsjinspilers as Mike Adriano, Jordan Ash, Marco Banderas, Xander Corvus, Mick Blue, Danny D, James Deen, Shane Diesel, Erik Everhard, Manuel Ferrara, Tommy Gunn, Alain Deloin, Nick Lang, Sean Lawless, Keiran Lee, Logan Long, Mandingo, Sean Michaels, Ramon Nomar, David Perry, Mr. Pete, Toni Ribas, Rocco Siffredi, Johnny Sins, Lexington Steele, Criss Strokes, Bruce Venture, Nacho Vidal, Mark Wood en Prince Yahshua.

Yn 2016 wûn Valentina Nappi yn 'e mande mei Anikka Albright en Mick Blue de AVN Award (de Oscar fan 'e pornowrâld) yn 'e kategory bêste triosekssêne (f/f/m) foar har optreden yn 'e film Anikka's Anal Sluts. Yn 2017 wûn se fierders de Xbiz Award foar bêste bûtenlânske artyste fan it jier.

Njonken har aktearwurk is Nappi ek aktyf as neakenmodel en yn dy hoedanichheid posearret hja geregeldwei foar fotoreportaazjes yn neakenblêden. Yn juny 2012 wie se de Playboy Playmate fan 'e moanne yn 'e Italjaanske edysje fan 'e Playboy. En yn novimber 2013 wie se de Penthouse Pet fan 'e moanne yn it neakenblêd Penthouse. Fierders wurket Nappi ek as stripper, en reizget se, benammen yn 'e Feriene Steaten, as feature dancer by alle grutte stripklubs lâns.

Nappi wurdt guaris omskreaun as in "yntellektuële pornostjer", mei't se ferskate essays skreaun hat oer de rol fan manlju en froulju yn 'e moderne maatskippij. Ek hat se belangstelling foar filosofy en besiket se lêzings en konferinsjes op dat mêd. Yn 2015 sette se útein mei it skriuwen fan in kollumn yn it opinyblêd MicroMega.

Lichemsskaaimerken

Valentina Nappi is blank, mei hazzenútkleurige eagen en brún oant swart hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.65 m lang, mei in gewicht fan 50 kg, en in natuerlike cupmaat 34C. Utsein de wenstige gatsjes troch de earlellen hat se gjin piercings, en allikemin hat se tatoeaazjes.

Prizen en nominaasjes

jier priis resultaat kategory foar har optreden yn
2016 AVN Award wûn bêste triosekssêne (f/f/m) (mei Anikka Albright en Mick Blue) Anikka's Anal Sluts
2017 Xbiz Award wûn bêste bûtenlânske artyste fan it jier n.f.t.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.