V.I.P. | ||
tillefyzjesearje | ||
makkers | ||
ûntwikkele troch | J.F. Lawton | |
útfierend produsint | Pamela Anderson J.F. Lawton | |
tillefyzjestudio | Lawton Entertainment Columbia TriStar Television | |
spilers | ||
haadrollen | Pamela Anderson Molly Culver Natalie Raitano Angelle Brooks Shaun Baker Dustin Nguyen Leah Lail | |
skaaimerken | ||
sjenre | aksjekomeedzjesearje | |
seizoenen | 4 | |
jierren | 1998 – 2002 | |
tal ôfl. | 88 | |
spyltiid (ôfl.) | 45-48 min. | |
lân/lannen | Feriene Steaten | |
taal | Ingelsk |
V.I.P. (útspr.: [wi:ja:i'pi:], likernôch: "wii-aai-pii") wie in súksesfolle Amerikaanske Ingelsktalige tillefyzjesearje oer in bedriuw dat liifwachten ferhiert oan pommeranten dy't dêr ferlet fan hawwe. It wie in aksjekomeedzjesearje, mei yn 'e haadrollen Pamela Anderson, Molly Culver en Natalie Raitano. De searje, dy't produsearre waard troch J.F. Lawton, rûn fjouwer seizoenen rûn, fan 1998 oant 2002, en waard ek bûten de Feriene Steaten yn gâns oare lannen en territoaria útstjoerd.
Produksje
V.I.P. waard betocht troch de Amerikaansketillefyzjeprodusint J.F. Lawton, dy't de searje tegearre mei haadrolspylster Pamela Anderson produsearre foar de tillefyzjestudio's Lawton Entertainment en Columbia TriStar Television. De searje waard útbrocht yn syndikaasje en wie foar it earst op 'e (Amerikaanske) tillefyzje te sjen op 26 septimber 1998. Hy waard goed besjoen en rûn fjouwer folsleine tillefyzjeseizoenen, mei yn totaal 88 ôfleverings, elts mei in spyldoer fan 45 oant 48 minuten. Yn V.I.P. waard in miks fan aksje, komeedzje en oerdriuwing brûkt om 'e ferhalen yn byld te bringen. Dêrby hie Anderson yn 'e searje faak de gek mei har eigen imago sa't dat bûten de searje om yn 'e rabbersblêden bestie.
Utgongspunt fan 'e plot
Pamela Anderson, dy't de status fan sekssymboal berikt hie mei har fotoreportaazjes as neakenmodel yn 'e Playboy en har rol as C.J. Parker yn 'e populêre aksjesearje Baywatch, spile yn V.I.P. Vallery Irons, in frou dy't by fersin it libben fan in bekende persoan rêdt en dêrnei ynhierd wurdt as profesjonele liifwacht. Se rjochtet in eigen buro op dat mêd op, dat se V.I.P. neamd. Ornaris is dat yn it Ingelsk in ôfkoarting foar very important person(s), wat oerset wurde kin as "pommerant(en)". Yn dit gefal is dat in wurdboarterij dy't sawol ferwiist nei har klanten, as in ôfkoarting is foar Vallery Irons Protection.
Irons is fan doel om op 'e eftergrûn te bliuwen en inkeld te fungearjen as ferneamd kopstik, wylst se profesjonele liifwachten yn 'e tsjinst nimt om it eigentlik wurk te dwaan. Mar op 'e iene of oare wize rekket se oanhâldend by de aksje belutsen. Dêrby wurdt har gebrek oan 'e feardichheden dy't men fan in echte liifwacht ferwachtsje meie soe har tsjinstanners yn eltse ôflevering fataal. De oare leden fan har team binne in ferskaat oan lju mei ferskillende eftergrûnen, lykas in âld-lid fan 'e KGB, in âld-plysje, in kompjûterekspêr, in fjochtsporter en letter ek in stuntman.
Rolferdieling
- haadrollen
- Natalie Raitano (rj.)
- Dustin Nguyen
personaazje | akteur/aktrise | opmerkings |
Vallery Irons | Pamela Anderson | seizoen 1–4 |
Tasha Dexter (eks-spionne) | Molly Culver | seizoen 1–4 |
Nikki Franco (wapens- en eksplosive-ekspêr) | Natalie Raitano | seizoen 1–4 |
Maxine de la Cruz (bêste freondinne fan Vallery) | Angelle Brooks | seizoen 3–4; weromkearende rol yn seizoen 1–2 |
Quick Williams (bokser en fjochtsporter) | Shaun Baker | seizoen 1–4 |
Johnny Loh (karatemaster en stuntman) | Dustin Nguyen | seizoen 3–4; weromkearende rol yn seizoen 1–2 |
Kay Simmons (kompjûterekspêr) | Leah Lail | seizoen 1–4 |
Benammen yn it earste seizoen hiene yn V.I.P. in protte bekende persoanen in cameo. Dêrûnder wiene praatprogrammapresintators Jay Leno en Jerry Springer, showwrakselder Stone Cold Steve Austin en basketballer Charles Barkley. Aktrise Loni Anderson hie yn in ôflevering in gastrol as de mem fan Vallery Irons.
Seizoenen
seizoen | tal ôfl. | rûn fan | rûn oant | netwurk |
---|---|---|---|---|
1 | 22 | 26 septimber 1998 | 22 maaie 1999 | syndikaasje |
2 | 22 | 25 septimber 1999 | 20 maaie 2000 | |
3 | 22 | 7 oktober 2000 | 19 maaie 2001 | |
4 | 22 | 22 septimber 2001 | 18 maaie 2002 | |
Publikaasje op dvd
V.I.P. waard op 14 maart 2006 troch Sony Pictures Home Entertainment útbrocht op dvd yn regio 1 (Noard-Amearika en guon oare gebieten; kin net ôfspile wurde yn Jeropa).
Untfangst en resultaat
Yn 1999 waard V.I.P. nominearre foar in Emmy Award yn 'e kategory treflike yntromuzyk. Yn 2002 waard de searje nominearre foar trije Emmys, wêrfan't er de priis foar treflike inkele-kameramontaazje wûn.
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |