Utopia | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Utopia | |
auteur | Thomas More | |
taal | Latyn | |
foarm | proaza | |
sjenre | politike allegory | |
skreaun | 1515-1516 | |
1e publikaasje | 1516, Leuven | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Utopia | |
publikaasje | 2002, Ljouwert | |
útjouwer | ELF | |
oersetter | P.W. Brouwer | |
ISBN oers. | 9 07 15 60 031 |
Utopia, wêrfan't de folsleine oarspronklike titel wie De optimo reip. statv, deque noua insula Vtopia, libellus uere aureus, nec minus salutaris quam festiuus ("In Wierlik Gouden Boekje, Net Minder Heilsum as Fermaaklik, oer de Bêste Steat fan in Republyk en oer it Nije Eilân Utopia"), is in wurk fan fiksje sawol as politike filosofy fan 'e hân fan 'e Ingelsk abbekaat, filosoof, skriuwer, steatsman en humanist Thomas More. It waard foar it earst útjûn yn 1516 en wie oarspronklik skreaun yn it Latyn. Yn Utopia beskriuwt More de ideäle steat oan 'e hân 'e religieuze, sosjale en politike aspekten fan 'e maatskippij fan 'e optochte eilânnaasje Utopia; de ûnmooglikens fan dat ideaal makke dat "utopia", ferfryske ta "utopy", meitiid de betsjutting fan "dreambyld" krige. Utopia wurdt rûnom beskôge as in masterwurk fan 'e Jeropeeske en de wrâldliteratuer en hat grutte ynfloed útoefene op beskate lettere religieuze en politike streamings. De earste Nederlânske fertaling ferskynde al yn 1553; de Fryske oersetting fan Piter Wibertus Brouwer waard útjûn yn 2002.
Eftergrûn
More begûn mei it skriuwen fan Utopia, yn maaie 1515, doe't er gesant yn Flaanderen, oan it hof fan 'e Dútske keizer Karel V, wie. Hy skreau earst de ynlieding en makke dêrnei de beskriuwing fan 'e Utopyske maatskippij, dy't úteinlik de twadde helte fan it wurk wurde soe. Werom yn Ingelân skreau er "riedsdialooch", wêrmei't er it boek yn 1516 foltôge. It waard noch datselde jiers printe en útjûn yn Leuven ûnder redaksje fan More syn goede freon Desidearius Erasmus, en nei't More der noch wat ferbetterings yn oanbrocht hie, waard it yn 1518 yn Basel werútjûn. Pas sechstjin jier nei More syn terjochtstelling, yn 1551, waard it foar it earst oerset yn it Ingelsk, troch de humanist Ralph Robinson.
De politike tinkbylden dy't yn Utopia beskreaun wurde, hawwe neitiid fan grutte ynfloed west op sawol it anabaptisme as it kommunisme. Hoewol't More it utopyske sosjalisme brûkte om 'e earste sosjalistyske ideeën te ferwurdzjen, fûnen lettere marksistyske ideologen syn tinken te simplistysk en te min grûne op reälistyske prinsipes. Boppedat waarden party sosjalisten fan it wurk ferfrjemde troch it religieuze boadskip en de ûnwisse, mooglike satiryske, toansetting.
Ynhâld
Utopia bestiet út twa boeken. It is skreaun yn in (doedestiden wenstige) dialoochfoarm, wêrby't it petear fierd wurdt troch More sels en in Raphael Hythlodaeus, in optocht personaazje dat withoefolle om utens reizge hat.
It earste boek is in krityk, wêryn't it libben yn Ingelân oan it begjin fan 'e sechstjinde iuw beskreaun wurdt. Tiranny en korrupsje hawwe dêr tier. De woartel fan alle kwea is it misbrûk fan priveebesit fan lân, dat liedt ta de útrûpeling fan 'e mannichten earmen troch de grutgrûnbesitters, wat wer in oanboazjende kriminaliteit feroarsaket.
Yn it twadde boek wurdt it tsjinstelde tafriel ôfskildere, fan 'e maatskipij op 'e fiktive eilânsteat Utopia. Oerhearsking en lúkse binne dêr ôfskaft en priveebesit fan lân bestiet der net. More giet alle slimme misstannen fan syn tiid bylâns, sij it religieuze, sosjale of politike, en jout op in filosofyske wize omtinken oan in oplossing. Dat docht er op in manear dy't syn tiid fier foarút wie.
Fryske oersetting
De Fryske oersetting fan Utopia (mei persiis deselde titel) ferskynde yn 2002 by Elektroanyske Letteren Fryslân te Ljouwert, mei stipe fan 'e provinsje Fryslân. De Fryske fertaling is fan 'e hân fan Piter Wibertus Brouwer te Rotterdam, en de ynformative ynlieding waard skreaun troch Eric Hoekstra.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side. |