Utingeradiel

it eardere gemeentehûs fan Utingeradiel, yn Akkrum.
flaggewapen

Wapen fan Utingeradiel
lokaasje
polityk
lân Nederlân
provinsje Fryslân
sifers en geografy
haadplakAkkrum
grutste plakAkkrum
ynwennertal5.364 (1981)
befolkingstichtens86,5 / km²
oerflak62,00 km²
tal doarpen6
skiednis
oprjochte1851
oant 1851 Gritenij Utingeradiel
opheft1984
opgien yn Boarnsterhim
Skarsterlân
no part fan De Fryske Marren
It Hearrenfean
oar
tiidsôneUTC +1
simmertiidUTC +2

Utingeradiel (Nederlânsk en offisjeel Utingeradeel) is in eardere gemeente yn 'e midden fan Fryslân. Dizze gemeente hie op 1 jannewaris 1981 5.364 ynwenners,[1] en besloech in oerflak fan likernôch 62 km².[2]

Skiednis

Utingeradiel ûntstie as gemeente yn 1851, doe't troch de ynfiering fan 'e Gemeentewet fan Thorbecke alle gritenijen omfoarme waarden ta gemeenten. It wie in fuortsetting fan 'e âlde Gritenij Utingeradiel, dy't tebek gie oant de fjirtjinde iuw. Utingeradiel hearde ta it kertier Sânwâlden.

By de gemeentlike weryndieling fan 1984 gie it grutste part fan Utingeradiel yn 'e mande mei Raerderhim en Idaerderadiel op yn 'e nije gemeente Boarnsterhim. De doarpen Eagmaryp en Terkaple kamen lykwols by in oare nije gemeente, Skarsterlân, dy't fierders fierhinne gearstald wie út 'e âlde gemeenten Haskerlân en Doanjewerstâl.

Plakken

It haadplak fan Utingeradiel wie Akkrum, en de oare doarpen yn de gemeente wienen: Eagmaryp, Aldeboarn, Nes, Terherne en Terkaple.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Jansma, Klaas, Friesland en Zijn 44 Gemeenten, Ljouwert, 1981 (Frysk Deiblêd), ISBN 9 06 48 00 154, s. 74.
  2. Schroor, Meindert (haadred.), Nieuwe Encyclopedie van Fryslân, De Gordyk/Ljouwert, 2016 (Utjouwerij Bornmeer/Tresoar), ISBN 978-9 05 6153 755, s. 324.

             Provinsje Fryslân
Flagge fan de Provinsje Fryslân
hjoeddeistige gemeenten

eardere gemeenten

Aenjewier (1851–1934)
Baarderadiel (1851–1984)
Barradiel (1851–1984)
It Bilt (1851–2018)
Boalsert (1455–2011)
Boarnsterhim (1984–2014)
Doanjewerstâl (1851–1984)
Dokkum (1298–1984)
Dongeradiel (1984–2019)
Drylts (1268–1984)

East-Dongeradiel (1851–1984)
Ferwerderadiel (1851–2019)
Frjentsjer (1374–1984)
(âld) Frjentsjerteradiel (1851–1984)
(nij) Frjentsjerteradiel (1984–2018)
Gaasterlân (1851–1984)
Gaasterlân-Sleat (1984–2014)
Haskerlân (1851–1984)
Hylpen (1372–1984)
Himmelumer Aldefurd (1851–1984)

Hinnaarderadiel (1851–1984)
Idaerderadiel (1851–1984)
Kollumerlân (1851–2019)
Lemsterlân (1851–2014)
Littenseradiel (1984–2018)
Ljouwerteradiel (1851–2018)
Menameradiel (1851–2018)
Nijefurd (1984–2011)
Raerderhim (1851–1984)
Skarsterlân (1984–2014)

Skoatterlân (1851–1934)
Sleat (1426–1984)
Snits (1292–2011)
Starum (1061–1984)
Utingeradiel (1851–1984)
Warkum (1399–1984)
West-Dongeradiel (1851–1984)
(âld) Wymbritseradiel (1851–1984)
(nij) Wymbritseradiel (1984–2011)
Wûnseradiel (1851–1984)


wizigje
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.