Hjoeddeiske pleats

Uthsmastate, of Oetsmastate wie in state oan it Suorein besúdwesten Grou, yn de eardere gemeente Boarnsterhim. Op it steed stiet no in pleats.

Skiednis

As famyljenamme komt Wtsma en Uthsma yn relaasje ta Grou yn 1438 foar; as pleatsnamme Oetsma en Utsma yn 1640 en 1718. Yn it lêste jier waard der in stinswier neist oanjûn. De skiednis fan de omlizzende staten Asinga (1438, 1640) en Kempama (1438, 1471) hie raakflakken en oerienkomsten mei dy fan Uthsma.
Dat Uthsma in âlde machtsposysje is, blykt út in oarkunde fan 1438, wêryn't Bocko Wtsma út Friens, ferklearret dat hy mei Eko Kempama in syl timmerje liet en dat hy de noed foar dy syl hielendal op him nimt to scade of toe bate ho dattet vallen mach, wêrby't hy de susters fan it kleaster Aalsum frijstelt fan bydragen. Bocke Uthsma skreau yn itselde jier oer in wettersteatsskeel tusken de Opsterlanners en de Leppa, dêr't er yn it ferline by belutsen wie as grytman fanwege Idaarderadiel; hy brûkte in eigen segel.
Keimpemasyl is identyk mei de Molesyl, dêr't in diel fan it wetter fan it Naudiel en de Haniasleat lâns it Suderein troch de Leppedyk yn de Boarn ôffierd waard. Utsma mei de stinswier leit oan de Haniasleat, net fier fan Keimpemasyl.[1] Hoewol't Bocko yn Friens wenne, leit it foar de hân dat ek Utsma yn Grou fan him wie. Eko Kempama sil njonken de syl wenne hawwe: de sate direkt besuden de Keimpema- of Molesyl hiet yn 1471 Kempama gued (Akkrum FC44). It wie doe eigendom fan it kleaster Aalsum. Dat betelle der de rinte út oan de kommanderij yn Nes; dy rente waard yn 1471 skinke.[2] De soarch foar de silen en sylroeden wie yn it midsiuwske Fryslân faak yn hannen fan belanghawwende kleasters en haadlingen. Nijsgjirrich is yn dit ferbân dat de tichtby lizzende Hottingasyl by it kleaster Aalsum troch foaroansteande leken ûnderhâlden en benutte waard.[3] De oerienkomst tusken de namme fan de sate en dy fan de 15e-iuwske grytman foel yn 1786 al op, krektas soksoarte oerienkomst by it oanpealjende guod Asinga: Grou hie 71 stimdragende pleatsen, wêrûnder weleer veele adelyke staten waren, op welke voor deezen, naar rang, jaarlyks het grietmans ampt viel: dus was in 1438 hier Asinga, wegens Asinga State, en op een anderen tyd Bokke Uthsma, wegens Uthsma State... waarvan de wier nog overig is, alsa de auteurs fan de Tegenwoordige Staat. Yndie wie yn Jorerd Azyngha in 1438 grytman en mei-segelder fan de oarkunde fan âld-grytman Bocke Uthsma oer it skeel mei de Opsterlanners.

Fan 7 febrewaris 1517 oant 1541 wie Dirck Freericxs grytman fan Idaarderadiel en oant 1540 ek fan Utingeradiel. Hy wenne earst yn Warten mar letter op Oetsmastate yn Grou. Yn 1543 waard syn soan Feycko Dircxz grytman fan Idaarderadiel dy't syn heit opfolge as eigener fan de state.

Yn 1625 ferkocht Idtscke Oenes Regnaerda, widdo fan Tinco Andringa, Wtsma sate yn Grou oan Jantcke Jarichs. Yn 1640 wie Oetsma 80 pûnsmiet grut (fl. 9-15-0) en eigendom fan Leuwe Rollema, dy't it ferpachte. Yn 1698 wie it mienskiplik eigendom fan de riedshear Matthias fan Vierssen en Hendricus Reecalff te Burgum, beiden út namme fan harren froulju. Matthias fan Vierssen is koart nei 1698 ferstoarn, want yn 1700 wurdt syn widdo as mei-eigenaresse neamd. Pachter fan de yn 1700 hast 30 hektare grutte pleats wie Tjomme Tjeerds. Yn 1728 wie it eigendom fan de pleats lyk ferdield tusken âld-riedshear Johan Hendrik Schultens en de bern fan ritmaster Johannes Poutsma. Brûker wie doe Sjoerd Gabes. Neffens it Kadaster yn 1832 wie it eigendom fan de erven fan Gerben Bouwes dy't him yn 1811 nei de ‘state’ Oedsma neame litten hie.

Bewenners

  • 1438 Bocke Uthsma (?)
  • 1541 Dirck Freericxs
  • 1543 Feycko Dircxz
  • oant 1625 Idtscke Oenes Regnaerda, widdo fan Tinco Andringa
  • nei 1625 Jantcke Jarichs
  • 1640 Leuwe Rollema eigener / Wybe Tjaerds brûker
  • 1698 froulju fan Matthias van Vierssen en Hendricus Reecalff
  • 1728 Johan Hendrik Schultens en de bern fan Johannes Poutsma
  • 1832 erven Gerben Bouwes Oedsma
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stinzen yn Fryslân
  • De Stinzen in middeleeuws Friesland en hun bewoners, P.N. Noomen, Utjouwerij Verloren, Hilfertsom, 2009
  • Kadastrale en prekadastrale atlas fan Fryslân 1640-1832
  • Dit was Idaarderadeel, meardere auteurs, 1983

  1. Oan Utsma yn it noarden grenzend ligt Synia (Grouw SC6) en ten noorden daarvan Rippersma staete (SC5). Het eerste goed, Syengha gode en dat mynre Syengha goed daer by, was in 1455, het tweede, Ripperts guet dat leyt by Syngha, was in 1471 eigendom van de familie Rypkema. Rippersma werd in 1567 door Tinco Andringa van Oldeboorn gekocht, in 1640 was het eigendom van de grietman Andringa. Faber, "Birstum", 24-25; Schoustra, "Inkele toponymen", 11-12, 22. Sjoch Rypkema te Akkrum.
  2. GPCV, I, 650; Bakker, Toponymy Akkrum, 92. Yn 1606/1607 hiet de sate de Moelenbergh: Mol, Friese huizen, 334.
  3. Lykas bygelyks de Hottingasyl (Haringa te Aegum), Roptasyl (Nyenhuis Wynaldum), Getswerdersyl en de Makkumersilen. Yn 1477 naam de stêd Ljouwert it ûnderhâld fan ûndermear Hottinga- en Keimpemasyl oer.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.