Ursul de Geer
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
persoanlike bysûnderheden
echte nammeUrsul Philip de Geer
nasjonaliteit Nederlânsk
berne3 jannewaris 1946
berteplakSeist (Utert)
stoarn7 desimber 2020
stjerplakAmsterdam (Noard-Hollân)
etnisiteit Nederlânsk
wurkpaad
wurksum aspresintator, akteur, regisseur
mediumtillefyzje
wurksum byRTL
bekend fan’t Is Hier Fantasties!
Nederland Vertrekt
jierren aktyf±19902015
offisjele webside
Ursul de Geer op Twitter

Jhr. Ursul de Geer (folút: Ursul Philip de Geer; Seist, 3 jannewaris 1946Amsterdam, 7 desimber 2020) wie in Nederlânsk presintator, akteur en regisseur. Hy wie lange tiid aktyf as toanielakteur en waard pas op âldere leeftyd by in breder publyk bekend doe't er fan 'e 1990-er jierren ôf op 'e tillefyzje programma's presintearre as ’t Is Hier Fantasties! en Nederland Vertrekt. Nei 2000 wie De Geer by de tillefyzje fral efter de skermen aktyf en regissearre er boppedat in protte toanielstikken

Libben en karriêre

Jonkheid en oplieding

De Geer waard yn 1946 berne yn Seist as telch út 'e aadlike famylje De Geer. Hy wie de soan fan keunstskilder Louis de Geer (1911-2009) en dy syn frou Maria Elisabeth Anna van der Tak (1910-2001). De Geer groeide op yn in húshâlding mei trije bruorren en ien suster. Hy folge de HBS oan it Kristlike Lyseum yn Seist en studearre dêrnei ekonomy en andragogy yn Amsterdam.

Karriêre

Fia it studintetoaniel en ferskate teäterproduksjes kaam De Geer as akteur by it toanielselskip De Nieuwe Komedie en letter by Toneelgroep Centrum en Persona. Njonken syn aktearjen wied er ek aktyf as regisseur fan û.o. de toanielstikken Roza Vertrekt, De Misdaden van Vautrin, Leven van Galilei en Gust. Fierders hied er lytse rollen yn films as Spetters (1980), Ademloos (1982), De Vierde Man (1983) en Moord in Extase (1984). Op 14 oktober 1995 waard De Geer foar syn oeuvre troch de P.G. Wodehouse Society ûnderskaat mei de Right Honourable Gally Threepwood Award for Outdoor Chivalry.

Fan 'e 1990-er jierren ôf makke en presintearre De Geer fierders ferskate tillefyzjeprogramma's, wêrûnder syn eigen praatprogramma Ursul en Voor Niks Gaat de Zon Op op RTL 4. Hy waard it bekendst mei it programma ’t Is Hier Fantasties!, wêryn't er fakânsjefierende Nederlanners yn it bûtenlân opsocht. Yn 2008 begûn er mei it fakânsjeprogramma Nederland Vertrekt. By tillefyzjestjoerder Het Gesprek wie De Geer presintator fan it boekbesprekprogramma BOOKZ.

Yn 2001 kearde De Geer werom nei it teäter mei Gloed, in toanieladaptaasje fan in roman fan 'e Hongaarske skriuwer Sándor Márai. Dy foarstelling wûn de NRC-Publieksprijs. Fan deselde skriuwer bewurke en regissearre De Geer ek Kentering van een Huwelijk en De Gravin van Parma. Yn 2005 begelate er foar de opstart fan Omrop MAX in stikmannich âlderen fan 55 oant 82 jier, dy't ûnder de namme Super Senioren mei-inoar yn 30 dagen in toanielstik ynstudearren en dat letter yn ferskate skouboargen yn hiel Nederlân op 'e planken brochten. Omrop MAX stjoerde fan dat hiele proses in tsiendielige searje út.

Yn 2009 naam De Geer diel oan 'e dûnswedstryd foar bekende Nederlanners Dancing with the Stars, wêrby't er yn 'e kwartfinale útskeakele waard. Datselde jiers regissearre er yn Stuttgart de Dútsktalige toanieladaptaasje fan Kentering van een Huwelijk ûnder de titel Wandlungen einer Ehe. Yn 2010 stied er foar it earst yn tweintich jier wer sels op 'e planken mei de monolooch Bekentenissen, dy't oer de jonkheid fan syn favorite skriuwer Márai gie, ferweve mei ferhalen út syn eigen bernetiid.

De Geer regissearre yn 2011 it toanielstik De Aanslag, nei de roman mei deselde namme fan Harry Mulisch. Dy foarstelling, mei yn 'e haadrollen û.o. Victor Löw en Peter Bolhuis, waard nominearre foar de NRC-Publieksprijs. Datselde jiers regisearre De Geer ek it stik Napoleon op Sint-Helena, mei Huub Stapel yn 'e titelrol. Fierders makke er dat jiers syn debút as regisseur fan in musical mei Grand Hotel, mei yn 'e haadrollen Ad Knippels, Trudy Klever, Jamai en Tony Neef. Yn 2013 en 2014 regissearre er ek de stikken Haar Naam Was Sarah, nei de roman Elle s'Appelait Sarah fan Tatiana de Rosnay, en Stoner, nei de roman mei deselde namme fan John Edward Williams.

Yn 2012 hie De Geer in lyts roltsje yn 'e film Black Out en yn 2014 spile er in rjochter yn it twadde seizoen fan 'e tillefyzjesearje Danni Lowinski, dy't útstjoerd waard troch SBS 6. Fierders wied er te sjen yn in literêre solo yn Nachttrein naar Lissabon, nei in roman fan Pascal Mercier, en teffens yn in monolooch oer syn eigen famylje, mei as titel Liever Ongelukkig met Parels dan Zonder. Ein 2015 hied er in byrol yn 'e komeedzjefilm Bon Bini Holland.

Ferstjerren

Ursul de Geer kaam op 7 desimber 2020 nei in lang siikbêd yn 'e âlderdom fan 74 jier yn Amsterdam te ferstjerren. Famyljeleden en freonen dy't seagen dat syn ein net lang mear op him wachtsje litte soe, hiene op 22 novimber yn syn oanwêzigens noch in bysûndere gearkomste oan him wijd yn it Ynternasjonaal Teäter Amsterdam.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.