Ursem
FlaggeWapen
Polityk
Lân Nederlân
Provinsje Noard-Hollân
Gemeente Koggelân
Sifers
Ynwennertal2.935 (2021) [1]
Oerflak10,85 km²
lân 10,31 km²
wetter 0,54 km²
Oar
TiidsôneUTC+1
SimmertiidUTC+2
Koördinaten52° 37′ 38″ N, 4° 53′ 30″ E

Ursem is in plak yn de gemeente Koggelân en foar in lyts part yn 'e gemeente Alkmar yn de provinsje Noard-Hollân.

Oant 1 jannewaris 1979 wie Ursem in selsstannige gemeente, dêr't ek it doarp Rustenburg ûnder foel en fierder de buorskippen Noorddijk, de Mijzen (sûnder it diel fan Oostmijzen) en in diel fan de eardere gemeente Skermer. De gemeente fusearre mei de gemeenten Avenhorn, Berkhout en Oudendijk ta de gemeente Wester-Koggelân, dy't op 1 jannewaris 2007 wer fusearre ta de gemeente Koggelân.

Skiednis

Doarpssicht mei de Sint-Bavotsjerke

Yn 1083 waard Ursem 'Urisheim' neamd yn de dokuminten fan de abdij fan Egmond. Yn 1420 wie it 'Uresheim'. Oarspronklik lei it doarp wat noardliker, dêr't hjoeddedei de protestantske tsjerke stiet.

Oant de jierren 1960 wie Ursem net sa'n grut doarp mei in agrarysk karakter. Dêrnei woeks Ursem stadichoan út ta in grutter doarp. It doarp hat lykwols de âlde bebouwing wol beholden en yn it doarp en yn de polder binne noch in soad West-Fryske pleatsen te sjen.

Sûnt 1980 falt de polder Ursem net mear hielendal ûnder it doarp.

Oant en mei 31 desimber 2014 wie in lyts part fan it doarpsgebiet fan Ursem ûnderdiel fan de gemeente Skermer. Op 1 jannewaris 2015 gyng dat diel op yn de gemeente Alkmar.

It besjen wurdich

  • De protestantske tsjerke oan it Kerkpad is in wettersteatstsjerke út 1846-1847.
  • De ûndermûne O wie ien fan de ring fan 16 mûnen tusken Schermerhorn en Ursem en waard yn 1633 as boppemûne by Ursem boud. Yn 1652 ferhûze de mûne nei it tsjintwurdige plak om as ûndermûne te wurkjen.
  • De stjelp oan de Noorddijkerweg 11 is in ryksmonumint út 1800.[2]

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.