Universitêr Medysk Sintrum Grins | ||
sikehûs | ||
Haadyngong fan it UMCG. | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Grinslân | |
gemeente | Grins (gemeente) | |
plak | Grins (stêd) | |
adres | Hanzeplein 1 | |
koördinaten | 53°13′21″ N 6°34′26″ E | |
bysûnderheden | ||
ôfkoarting | UMCG | |
type | akademysk sikehûs | |
streaming | sekulier | |
diel fan | Ryksuniversiteit Grins | |
bêden | 1.339 | |
wurknimmers | krapoan 17.000 | |
skiednis | ||
oprjochting | 1997 | |
fuortk. út | Akademysk Sikehûs Grins | |
gebou | ||
namme gebou | UMCG | |
boujier | 2005 | |
boustyl | modern | |
offisjele webside | ||
www.umcg.nl | ||
kaart | ||
Lokaasje yn Grins.
|
It Universitêr Medysk Sintrum Grins (Nederlânsk: Universitair Medisch Centrum Groningen), ornaris ôfkoarte ta UMCG, is in sikehûs yn Grins. De trije kearntaken binne sûnenssoarch, ûnderwiis en ûndersyk. It sikehûs stiet yn de Grinzer wyk Sintrum.
It UMCG is it gearwurkingsferbân dat op 13 jannewaris 2005 ûntstien is tusken it eardere Akademysk Sikehûs Grins (AZG) en de fakulteit Medyske Wittenskippen fan de Ryksuniversiteit Grins. It gebou fan it UMCG datearret fan 1997. Yn Nederlân binne de universiteiten ferantwurdlik foar it ûndersyk- en ûnderwiisbelied en de akademyske sikehuzen hawwe de ferantwurdliken foar pasjintesoarch, wurkplakfunksje en oplieding ta medysk spesjalist.
It sikehûs hat 1339 bêden en goed 12.871 wurkers yn 2017. It UMCG is ien fan de alve traumasintra yn Nederlân en hat in Mobyl Medysk Team ta syn foldwaan.
It UMCG makket diel út fan Nederlânske Federaasje fan Universitêr Medyske Sintra.
Keppelings om utens
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Universitair Medisch Centrum Groningen fan Wikimedia Commons. |