Universal Studios Hollywood
  ferdivedaasjepark
Yngong fan it ferdivedaasjepark.
Yngong fan it ferdivedaasjepark.
logo
lokaasje
lân Feriene Steaten
steat Kalifornje
county Los Angeles County
plakUniversal City
koördinaten34°08′11″N 118°21′22″W
bysûnderheden
typefilmtemapark
temaproduksjes fan Universal
   Pictures
eignerUniversal Pictures
útbaterUniversal Parks & Resorts
iepenhiele jier
oerflak13,5 ha
attraksjes10
achtbanen2
darkrides3
shows4
wurknimmers5.000
besikers9.147.000 (2018)
skiednis
ferneamd neiUniversal Pictures
iepening1964
offisjele webside
www.universalstudioshollywood.com
kaart
Universal Studios Hollywood (Hollywood)
Universal Studios Hollywood
Lokaasje op in kaart fan Hollywood en omkriten.

Universal Studios Hollywood is in film- en tillefyzjestudiokompleks en ferdivedaasjepark yn 'e San Fernandodelling yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje. Likernôch 70% fan it oerflak leit binne de grinzen fan Universal City, in gemeentefrij eilantsje dat alhiel omsletten wurdt troch de stêd Los Angeles. De restearjende 30% leit yn 'e Los Angelynske wyk Hollywood. Universal Studios Hollywood waard as studiokompleks iepene yn 1915, en is ien fan 'e âldste en meast ferneamde studiokompleksen dy't ek hjoed de dei noch aktyf yn gebrûk binne. De film- en tillefyzjeproduksjefasiliteiten steane tsjintwurdich lykwols folslein yn it skaad fan it yn 1964 oprjochte ferdivedaasjepark, dat ien fan 'e wichtichste toeristyske trekpleisters fan Los Angeles is. Yn 2018 ûntfong it park 9.147.000 besikers, wêrmei't it op 'e ranglist fan meast besochte ferdivedaasjeparken it 15e plak ynnimt wat de hiele wrâld oangiet, en it 9e plak as men allinne nei de Feriene Steaten sjocht.

Skiednis

Oprjochting en iere jierren

Filmstudio Universal Pictures waard yn 1912 yn New York oprjochte troch Carl Laemmle en in achttal sakepartners. Mei't de measte filmstudio's doedestiden út New York wei giene om har yn Súdlik Kalifornje te fêstigjen, begûn ek Universal dêr al tsjin 'e ein fan 1912 om him hinne te sjen nei in gaadlik stik grûn. Yn 1914 kocht Laemmle de Taylor Ranch yn 'e San Fernandodelling oan, dêr't er Universal City stifte as in reuseftich filmstudiokompleks mei in dieretún en in eigen boargemaster en plysjekorps. De Universal Studios Hollywood, sa't it kompleks kaam te hjitten, waarden op 14 maart 1915 seremonieel iepene yn it bywêzen fan 10.000 gasten.

Behalven dat frijwol alle films fan Universal Pictures der opnommen waarden, wiene de Universal Studios Hollywood ek al ier tagonklik foar it publyk. Foar in rûnlieding troch it kompleks kompleet mei in miel betelle men doedestiden fiif sint. Dizze oarspronklike studiorûnlieding waard yn 1930 opheft om't de stomme film doe it fjild romme foar de lûdsfilm, en de soundstages gjin lûdsisolaasje hiene om it leven fan 'e lûdroftige dielnimmers oan 'e rûnlieding te ûnderdrukken.

Brannen

It backlot fan 'e Universal Studios Hollywood rekke yn syn skiednis acht kear skansearre troch brân. De earste kear wie yn 1932, doe't fûnken fan in natoerbrân troch de wyn op it terrein blaasd waarden. De resultearjende brân rjochte foar mear as $100.000 skea oan. Santjin jier letter, yn 1949, feroarsake in oare natoerbrân de folsleine ferwoastging fan ien soundstage en grutte skea oan twa oaren. Yn 1957 waard de filmset New York Street op it backlot folslein yn 'e jiske lein troch brânstifting, wat in skeapost fan $500.000 betsjutte. Noch wer tsien jier letter, yn 1967, bedroech de skea $1 miljoen, doe't in oar part fan it backlot, mei de sets fan Lyts Jeropa, Denver Street, Laramie Street en it Spartakusplein fierhinne ferneatige waarden. Yn 1987 waard it oerbleaune diel fan it Spartakusplein by in gefal fan fermoedlike brânstifting ferwoastge. De brân dy't yn 1990 de New York Street-set, de Ben Hur-set en it meastepart fan Courthouse Square yn 'e jiske lei, wie mei wissichheid oanstutsen. De foarlêste brân wie yn 1997, doe't in diel fan Courthouse Square fannijs ferwoastge waard.

Reek fan 'e brân fan 2008 hinget boppe de Universal Studios Hollywood.

De measte skea waard oanrjochte by de brân dy't op 1 juny 2008 op it backlot fan 'e Universal Studios Hollywood útbriek troch in ûngemak by in ferbouwing. It duorre tolve oeren foar't de brânwacht fan it Los Angeles County Fire Department it sein 'brân master' joech. By it blussen wiene 516 brânspuitlju belutsen, fan wa't 14 lichte ferwûnings oprûnen. De brân ferwoastge 40.000 oant 50.000 argivearre opnamen op fideo en film fan 'e 1920-er oant de 2000-er jierren, wêrûnder eksimplaren fan 'e films Knocked Up en Atonement en de tillefyzjesearjes I Love Lucy, Miami Vice en Law & Order. Ron Meyer, de algemien direkteur fan Universal Pictures, bewissige syn taharkers der op in parsekonferinsje lykwols fan dat der "neat ûnferfangbers ferlerngien is. We hawwe duplikaten fan alles dat ferbrând is." Pas yn 2019 kaam oan it ljocht dat by de brân ek in reuseftich argyf analoge mastertapes fan 'e Universal Music Group ferneatige wie, mei oarspronklike lûdsopnamen fan artysten as Chuck Berry, Otis Redding, Muddy Waters, John Coltrane, Nirvana, R.E.M., Steely Dan en Rosanne Cash.

Oprjochting fan it ferdivedaasjepark

Koart nei't platemaatskippij Music Corporation of America (MCA) yn 1962 filmstudio Universal Pictures oernommen hie, die út ûndersyk bliken dat oan in nije rûnlieding troch it studiokompleks jild te fertsjinjen foel. Mei de moderne rûnlieding waard sadwaande op 15 july 1964 úteinset. Yn it begjin wie it inkeld in ynkyk yn 'e klaaikeamers, op 'e (lege) filmsets en efter de skermen by echte opnamen, benammen fan tillefyzjeprogramma's, mar al rillegau waarden foar de rûnlieding barrens yn sêne set, lykas live-shows en stuntdemonstraasjes. Letter kamen der spesjaal foar de rûnlieding boude sets by en noch wer lettere heech-technologyske attraksjes, lykas achtbanen en darkrides. Meitiid groeide wat as rûnlieding begûn wie, út ta in ferdivedaasjepark dat him mei eltse konkurrint mjitte koe. Wat mear attraksjes der kamen, wat mear it ferdivedaasjepark de filmproduksje yn it skaad stelde dy't yn 't earstoan de fans nei it studiokompleks ta lokke hie. Hoewol't der tsjintwurdich noch altyd in protte films en tillefyzjesearjes yn 'e Universal Studios Hollywood opnommen wurde, stiet it kompleks no by de bûtenwacht benammen bekend as ferdivedaasjepark mei in filmtema.

Ferdivedaasjepark

Beskriuwing

It ferdivedaasjepark fan 'e Universal Studios Hollywood wurdt eksploitearre troch de difyzje Universal Parks & Resorts fan filmstudio Universal Pictures. It park, dat 131/2 hektare beslacht, is fanwegen it heuvelige terrein ferdield oer twa nivo's, dy't mei-inoar yn ferbining steane fia de saneamde "Starway" (eins in reuseftige oerdutsen rôltrep). De beide nivo's hjitte it Upper Lot en it Lower Lot. Beide binne yn 'e iepen loft en beskikke oer in samling attraksjes, ferkeapplakken fan iten en drinken en sûvenirwinkels. Yn totaal omfetsje de Universal Studios Hollywood 10 ûnderskate attraksjes, wêrûnder twa achtbanen, 3 darkrides, 1 wyldwetterbaan en 4 live-shows. Yn 2018 ferwolkommen de Universal Studios Hollywood 9.147.000 besikers. Om't in besyk oan it ferdivedaasjepark foar in protte lju in meardeisk barren is, binne der yn Universal City ferskate grutte hotels fêstige, wêrûnder it Universal Hilton & Towers en it Sheraton Universal Hotel.

It Jaws-diel fan 'e Studio Tour.
It kastiel Hogwarts, dêr't de darkride Harry Potter and the Forbidden Journey is.
Yngong fan Jurassic World: The Ride.

Attraksjes

(sitewaasje anno 2023)

  • Upper Lot
    • Despicable Me Minion Mayhem – bewegingssimulator mei as tema de Despicable Me-filmsearje
    • Silly Swirly Fun Ride – sweef
    • Super Silly Fun Land – boarterstún
    • The Secret Life of Pets: Off the Leash – darkride mei as tema The Secret Life of Pets
    • Studio Tour – tramrit troch it backlot fan 'e Universal Studios. Bekendste en populêrste attraksje, mei ferskate filmsets, King Kong: 360 3-D, Earthquake: The Big One, Jaws Encounter en Fast & Furious: Supercharged
    • DreamWorks Theatrefilmfertoaning fan in produksje fan tekenfilmstudio DreamWorks Animation
    • The Simpsons Ride – bewegingssimulator mei as tema de tekenfilmsearje The Simpsons
    • Waterworld: A Live Sea War Spectacularstuntshow mei as tema de film Waterworld
    • The Wizarding World of Harry Potter – groep attraksjes mei as tema de Harry Potter-filmsearje
      • Flight of the Hippogriff – achtbaan
      • Harry Potter and the Forbidden Journey – darkride
      • Ollivander's Wand Show – ynteraktive ûnderfining en sûvenirwinkel
      • Frog Choir – live-show
      • Triwizard Spirit Rally – live-show
  • Lower Lot
    • Jurassic World: The Ride – wyldwetterbaan mei as tema de film Jurassic World
    • Revenge of the Mummy: The Ride – oerdutsen achtbaan mei as tema The Mummy-filmtrilogy fan regisseur Stephen Sommers
    • Transformers: The Ride 3D – darkride mei as tema de Transformers-filmsearje
    • Raptor Encounter – live-show mei in Jurassic World-tema
    • DinoPlay – boarterstún

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.