Under My Hat: Tales from the Cauldron
algemiene gegevens
auteurJonathan Strahan (red.)
taalIngelsk
foarmferhalebondel
sjenrefantasy
1e publikaasje2012, New York
oarspr. útjwr.Random House Books for
   Young Readers
kodearring
ISBN978-0 37 58 68 306

Under My Hat: Tales from the Cauldron is in blomlêzing yn 'e foarm fan in ferhalebondel, gearstald troch de Australyske redakteur Jonathan Strahan. De titel betsjut "Under Myn Hoed: Ferhalen út 'e Heksetsjettel". De bondel omfettet 18 koarte ferhalen fan it fantasysjenre dy't allegearre geane oer tsjoenders, heksen en tsjoenderij. De ferhalen binne skreaun troch foaroansteande auteurs as Tanith Lee, Neil Gaiman en Jim Butcher. Alle ferhalen út Under My Hat waarden yn dizze bondel foar it earst publisearre, hoewol't de measten neitiid troch de respektivelike skriuwers op 'e nij útjûn binne yn eigen ferhalebondels. Under My Hat: Tales from the Cauldron waard yn 2012 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij Random House Books for Young Readers.

Ferhalen

  1. Diana Peterfreund, Stray Magic
  2. Frances Hardinge, Payment Due
  3. Garth Nix, A Handful of Ashes
  4. Holly Black, Little Gods
  5. Charles de Lint, Barrio Girls
  6. Tanith Lee, Felidis
  7. Neil Gaiman, Witch Work
  8. Ellen Klages, The Education of a Witch
  9. Ellen Kushner, The Threefold World
  10. Delia Sherman, The Witch in the Wood
  11. Patricia A. McKillip, Which Witch
  12. Tim Pratt, The Carved Forest
  13. M. Rickert, Burning Castles
  14. Isobelle Carmody, The Stone Witch
  15. Jane Yolen, Andersen's Witch
  16. Jim Butcher, B Is for Bigfoot (ûnderdiel fan The Dresden Files)
  17. Peter S. Beagle, Great-Grandmother in the Cellar
  18. Margo Lanagan, Crow and Caper, Caper and Crow
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Strahan, Jonathan, (red.), Under My Hat: Tales from the Cauldron, New York, 2012 (Random House Books for Young Readers), ISBN 978-0 37 58 68 306.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.