Umbry
Flagge Wapen
Lokaasje yn Itaalje
Algemien
Haadstêd Perugia
Oerflakte 8457
Befolking 815.000
Befolkingstichtens 95
Oare ynformaasje
Heechste punt M. Argentella 2201 m
Oantal gemeenten 92
Provinsjes Perugia, Terny

Umbrje (Italjaansk: Umbria), "it lân fan Fransiskus fan Assisy", is in regio dy't oprjochte is yn 1860. It is in gebiet mei griene, sêft gloaiende heuvels begroeid mei in protte wyngerds en olivekwekerijen, mar ek mei in protte ikkers mei weet, sûkerbiten, tabak en sinneblommen. De regio leit yn sintraal Itaalje, yn de fallei fan de rivier de Tiber mei de opslachmar Lago di Korbara. Umbry wurdt ek wol it griene hert fan Itaalje neamd en hat in sêft mediterraansk klimaat mei drûge waarme simmers en kâlde wiete winters. Umbry grinzet yn it westen oan Toskane (Trasimeenske Mar), yn it easten oan Marche en de Apenninen en yn it suden oan Lazio. It lânskip wurdt skaaimerke troch âlde ommuorre stêdjes op in hichte mei steile strjitsjes dy't tsjûgen binne fan in rike kultuerskiednis.

De regio is neamd nei de Umbry, in Latynske stam dy't har yn de regio festige yn de 6e iuw f.Kr. Letter waard it oermastere troch de Romeinen en makke it foar mear as tûzen jier diel út fan harren ryk. De stêden groeiden yn de midsiuwen út ta foarstendommen dy't de omlizzende gebieten oerhearsken.

Provinsjes en wichtige stêden

Sicht op de stêd Orvieto
ProvinsjeOfkoarting HaadstêdWichtige plakken
PerugiaPG Perugia Assisy, Foligno, Gubbio, Spoleto
TernyTRTerny Orvieto, Narny

Keppeling om utens

 
Regio's fan Itaalje
Flagge fan Itaalje
Abruzzen - Aostadelling - Apûlje - Basilikata - Feneto - Emylje-Romanje - Friûly-Julysk Feneesje - Kalaabrje - Kampaanje - Latium - Liguerje - Lombardije - Marke - Molise - Piëmont - Sardynje - Sisylje - Trentino-Súd-Tiroal - Toskane - Umbrje
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.