Uitgeverij Atlas
algemien
nasjonaliteit Nederlânsk
typeprivaat
sektorútjouwerij
haadkertierAmsterdam (Noard-Hollân)
oprjochte1991
opdoekt2012
oprjochterEmile Brugman, Ellen Schalker
opgien ynUitgeverij Atlas Contact
memNDC VBK
offisjele webside
www.uitgeverijatlas.nl

Uitgeverij Atlas wie in algemiene literêre útjouwerij dy't fêstige wie yn Amsterdam en yn oktober 1991 oprjochte waard troch Emile Brugman en Ellen Schalker. Geandewei de 1990-er en 2000-er jierren ûntjoech dit bedriuw him ta ien fan 'e meast foaroansteande útjouwerijen fan Nederlân. Atlas publisearre likernôch hûndert nije titels yn 't jier op it mêd fan fiksje en non-fiksje, wêrby't it gie om sawol oarspronklik Nederlânsktalich as oerset wurk. De útjouwerij spesjalisearre him yn 't bysûnder op 'e publikaasje fan reisliteratuer, literêre non-fiksje, poëzij, strips en werútjeften fan literêre klassikers.

Skiednis

Yn 'e mande mei twa oare útjouwerijen foarme Atlas yn 't earstoan de literêre tûke fan 'e Veen Uitgeversgroep, dy't letter opgie yn earst de Veen, Bosch & Keuning Uitgeversgroep, en wer letter ûnderdiel waard fan NDC VBK. Binnen dy lêste organisaasje foarme Atlas yn 'e mande mei Augustus, Business Contact, L.J. Veen, Houtekiet en de pocketútjouwerij Pandora / Olympus / Eldorado de groep Amstel Uitgevers. Yn 2011 waard Emile Brugman as direkteur fan Atlas opfolge troch Erna Staal, dy't fan Uitgeverij Contact kaam. Yn 2012 fúzjearren Atlas en Contact ta de Uitgeverij Atlas Contact. Staal ferliet de nije útjouwerij yn 2014.

Skriuwers

Guon auteurs fan wa't wurk by Atlas ferskynde, wiene Asis Aynan, Alain de Botton, Jeroen Brouwers, Kristien Hemmerechts, Mensje van Keulen, Geert Mak, Haruki Murakami, Cees Nooteboom, Frank Westerman en Erik Zevenhuizen.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.