Uglitsj
Sicht op it kremlyn fan Uglitsj
FlaggeWapen
Polityk
Lân Ruslân
Oblast Jaroslavl
Sifers
Ynwennertal31.452 (2021)
Oerflak26.6 km²
Befolkingstichtens1182 ynw. / km²
Hichte120 m
Oar
Stifting937 (neffens lokale tradysje)
Simmertiid(UTC+3)
WebsideSide fan Uglitsj

Uglitsj (Russysk: Углич) is in histoaryske stêd oan de Wolga yn de Russyske oblast Jaroslavl.

Etimology

It plak foarmet ûnderdiel fan de Gouden Ring om Moskou. De namme soe fan it Russyske wurd "ûgol" stamme, dat hoeke betsjut, in ferwizing nei de knik dy't de Wolga by it stedsje makket.

Skiednis

Lette en net sokke betroubere boarnen neame ferskate data foar de stifting fan de stêd. De stêd soe stifte wêze yn 937, 947, 952 en oare jiertallen, mar tradisjoneel jildt it jier 937. Foar it earst wurdt de namme Uglitsj lykwols yn 1148 neamd.

Yn de tiid fan de Mongoalske ynfallen waard Uglitsj yn de 13e iuw ferskate kearen plondere en yn brân stutsen. Nei 1450 waard Uglitsh in wichtich sintrum foar de hannel, dêr't ek eigen jild slein waard. Yn deselde snoarje waard de stêd fersterke mei in kremlyn.

Wetterkrêftsintrale

Nei de dea fan Ivan de Ferskriklike waard syn soan Dmitri ferballe nei Uglitsh. Op nea opheldere wize kaam Dmitri dêr yn 1591 om it libben. Mooglik liet de regint Boris Godûnov Dmitri deadzje, om sa it skaai fan de Roerikiden útstjerre te litten sadat er sels tsaar wurde koe. Op it plak dêr't de prins ferstoar liet de stêd yn it jier 1692 de Bloedtsjerke bouwe. It paleis dêr't de prins wenne waard in museum en yn it hjoeddeiske wapen fan de stêd is de tsarevitsj te sjen mei it mes ýn de hân dêr't er mei fermoarde is. De dea fan de prins feroarsake in dynastike en politike krisis yn it lân. In soad minsken woene mar al te graach leauwe dat Dmitri noch libbe en stipen ferskate falske Dmitri's dy't besochten de troan op te easkjen.

Uglitsj waard yn 1611 op 'e nij yn 'e jiske lein, no troch Poalsk-Litouske troepen. Nei de befrijing slagge it Uglitsj as hannelsstêd om yn de twadde helte fan de 17e iuw wer in tiid fan opgong te meitsjen. Yn dy tiid waarden meardere stiennen tsjerken boud.

Oant yn de earste helte fan de 20e iuw hie Uglitsj hast gjin yndustry en ek gjin oansluting op it spoar. Yn de jierren 1930 waard by Uglitsj in wetterkrêftsintrale boud, wêrfoar't meardere âlde tsjerken en in kleaster opoffere waarden.

Nei de Twadde Wrâldkriich krige Uglitsj in pear grutte fabriken, wêrûnder in masjineboufabryk, in houtferwurkingsfabryk en in meubelfabryk.

Befolkingsûntwikkeling

Transfiguraasjekatedraal en dûmagebou yn it kremlyn fan Uglitsj
Paleis fan prins Dmitri
Jier Ynwenners
18979.698
19268.026
193912.282
195928.890
197035.463
197939.069
198939.975
200238.260
201034.507
202131.452

Monuminten

De stêd is ryk oan moaie foarbylden fan âlde russyske arsjitektuer. Benammen it besjen wurdich binne it kremlyn mei de Transfiguraasjekatedraal, de Bloedtsjerke, it paleis fan de prins en it eardere dûma-gebou. Ek it Aleksejevski-kleaster en it Ferrizeniskleaster binne it besjen tige wurdich.

De Himelfearttsjerke (1628) fan it Aleksejevskikleaster wurdt beskôge as in sieraad fan midsiuwske russyske arsjitektuer. Tichteby stiet de mear tradisjonele Jehannes de Dopertsjerke út 1681.

Tichterby de kant fan de Wolga stiet it Ferrizeniskleaster mei syn grutte katedraal, de klokketoer, it refektoarium en de simmertsjerke. Alle gebouwen steane yn in rige en datearje út it tiidrek 1674-1677. Foar it kleaster oer stiet de elegante Tsjerke fan de Berte fan Jehannes de Doper. De tsjerke waard troch in lokale keapman yn 1689-1690 boud om it plak te betinken dêr't syn soan ferdronk.

Mear âlde tsjerke-arsjitektuer is yn de omkriten te finen fan Uglitsj, lykas it goed tsien kilometer fierderop lizzende 17e-iuwske Nikolo-Uleiminski-kleaster.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Uglich

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.