Ubbena is in dykdoarp yn de gemeente Assen (oant 1998 Vries) benoarden Assen, besuden Vries en beëasten Zeijen.
Yn 1848-1865 Nieuw Ubbena neamd. De doarpsnamme is ôflaat fan de East-Fryske geslachtsnamme Ubbena.
It âlde (Huzinge) Ubbena stie oant mids 17e iuw yn Oudemolen op de linkerouwer fan it Oudemolensche Diep. Lâns de Asserwei giet de bebouwing fan Ubbena nei it suden oer yn dy fan Rhee, reden wêrom't ek wol sprutsen wurdt fan Rhee-Ubbena of Ubbena-Rhee. Ubbena ûntstie as streekdoarp fan medio 19e iuw ôf oan de earste rykswei yn Drinte. Eartiids wie dat in wichtige postweinrûte tusken Grins en Amsterdam. Doe al hie Ubbena in herberch, in stopplak op dy rûte.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.