USA Today
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
taalIngelsk
sjenrekrante
frekwinsjedeistich
bestean1982 – no
oprjochterAl Neuharth
plak haadred.Tysons Corner (Firginia)
útjouwerGannett Company
oplaach1.674.306 (2013)
ISSN0734-7456
offisjele webside
www.usatoday.com

USA Today is in Amerikaansk nasjonaal deiblêd, rjochte op it middenklassesegmint fan 'e lêzersmerk, mei in oplaach fan krapoan 1.675.000 eksimplaren. Dizze krante waard yn 1982 oprjochte troch útjouwer Al Neuharth, en wurdt tsjintwurdich publisearre troch de Gannett Company. Mei de Wall Street Journal en de New York Times is it ien fan 'e trije meast lêzen Amerikaanske deiblêden. USA Today wurdt distribuëarre yn alle 50 Amerikaanske steaten, it Distrikt Kolumbia, Gûam, Porto Riko, Kanada en it Feriene Keninkryk. De krante is ek fergees online te lêzen. De haadredaksje is fêstige yn Tysons Corner, yn Firginia, ûnder de reek fan 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C. Deselde organisaasje is ek ferantwurdlik foar de susterkranten USA Weekend en USA Today Sports Weekly.

De kantoaren fan USA Today, yn Tysons Corner.

Skiednis

Fan 'e simmer fan 1981 ôf printe de Gannett Company de earst prototypen ôf fan wat USA Today wurde soe. In foarbyld fan in ier regionaal prototype wie de East Bay Today, dy't publisearre waard yn it Kalifornyske Oakland. Op 5 desimber 1981 joech de bestjoersrie fan Gannett tastimming foar it oprjochtsjen fan USA Today as nije nasjonale krante. Nei mear as in jier fan tarieding waard op 15 desimber 1982 yn 'e krite fan Washington, D.C. en Baltimore de earste edysje fan it nije deiblêd op 'e merk brocht, wêrby't eksimplaren foar 25¢ oer de toanbank giene (yn hjoeddeistich jild komt dat del op 61¢).

Yn it fjirde fearnsjier fan 1985 ûntjoech USA Today him ta de op ien nei grutste kranten fan 'e Feriene Steaten, mei in deistige oplaach fan 1,4 miljoen eksimplaren. Op 6 maaie 1986 sette USA Today útein mei de publikaasje fan in ynternasjonale edysje fanút it Switserske Sjenêve. De krante hie syn meast mânske en bêst ferkeapjende edysje ea op 29 jannewaris 1988, doe't der in 78 siden tsjûke Super Bowl-edysje útbrocht waard (dy't foar mear as 44 siden út reklame bestie), wêrfan't 2.114.055 eksimplaren fan ferkocht waarden. Yn april 1995 rjochte USA Today syn webside op, USA Today Online, dêr't it deiblêd fergees lêzen wurde kin.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.