Tygh Valley
Lokaasje fan Tygh Valley yn Wasco County en Oregon
Lokaasje fan Tygh Valley yn Wasco County en Oregon
Polityk
LânFeriene Steaten
SteatOregon
CountyWasco County
Sifers
Ynwennertal236 (2020)[1]
Oerflak9,66 km²
Befolkingsticht.24,42/ km²
Hichte348 m
Oar
Postkoade97063
TiidsônePacific (PST)UTC-8
SimmertiidUTC-7
Koördinaten45° 14' 48" N 121° 10' 30" W
US Route 197 noardlik fan Tygh Valley dy't de Tygh Ridge op rint
US Route 197 noardlik fan Tygh Valley dy't de Tygh Ridge op rint
Kaart
Tygh Valley (Feriene Steaten)
Tygh Valley
lokaasje yn de Feriene Steaten

Tygh Valley is in plak (census-designated place) yn Wasco County yn Oregon, Feriene Steaten. Neffens de folkstelling fan 2020 hie it plak 236 ynwenners.

Skiednis

It doarp is neamd nei de Tygh (Taih, Tyigh) of "Boppe Deschutes" fan de yndiaanske stamme fan de Tenino.

Tygh Valley wurdt troch guon sjoen as it begjin fan it Barlowpaad. Dat paad wie, yn de snuorje fan de Oregon Trail, ornearre om de rivier de Kolumbia by The Dalles ôf te snijen troch de Cascades nei de delling fan de Willamette yn it westen fan Oregon. Troch de wetterfallen en streamfersnellings wie it tige dreech oer de Kolumbia fan The Dalles ôf te reizgjen. Hja sochten dus nei in oar paad nei it westen ta en sadwaande waard it Barlowpaad oanlein.

Geografy

Tygh Valley leit oan de US Route 197 krapoan 50 km súdlik fan The Dalles yn in lytse delling. Heuvels, lykas de Tygh Ridge noardlik dêrfan omkringje de delling. Om Tygh Valley hinne is in soad lânbou, lykas fleisfee, it ferbouwen fan weet en luserne.

Klimaat

It plak hat waarme en drûge simmers, mei trochsneed moanlikse temperatueren net boppe de 30 °C. Neffens de Klimaatklassifikaasje fan Köppen hat Dufur in waarm mediterraan klimaat, Csb. De trochsneed delslach yn Tygh Valley bedraacht likernôch 340 mm.

Demografy

Neffens de folkstelling fan 2000 wennen der 224 minsken, 97 hûshâldings en 67 famyljes yn it plak. De befolking bestie út 95,09% blanken, 1,34% yndianen, 2,23% Aziaten en 1,34% fan mingde rassen.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. United States Census Bureau oproppen op 31 oktober 2022
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.