Twizelermieden
lokaasje
neiste plakBûtenpost
oare ynformaasje
oerflak310 ha
behearSteatsboskbehear

De Twizelermieden is in natoergebiet, miedlân, dat oan de eastkant fan Twizel leit en súdlik fan Bûtenpost. It wurdt beheard troch Steatsboskbehear. It hûnderten hektares gutte gebiet wurdt oan de westkant begrinze troch de Sânsleat. Oan de súdkant troch de Twizeler Feart, oan de eastkant troch de Bûtenpostmer Feart en de Alde dyk en oan de noardkant troch in lânbougebiet.
De Mieden binne benammen bekend om it parswetter. Greidefûgels fiele harren thús yn dy wiete, iepen gerslannen. Sûnder maatregels soe it gebiet ferdroegje. Wichtige planten en greidefûgelsoarten soene dan ferdwine.

Ynrjochtingsplan

Yn 2016 waard foar 18 hektare fan de Twizelermieden in ynrjochtingsplan makke.[1] It ynrjochtingsplan foar gebietsûntwikkeling Twizelermieden draait benammen om it werom bringen fan parsstreamen. Lege wetterpeilen en it graven fan sleatten soargen der ûnder oare foar dat parswetter yn it natuergebiet minder waard. Parswetter is djip grûnwetter dat nei it oerflak komt. Dat parswetter is skjin en ryk oan mineralen. It is de basis foar unike natuer mei seldsume plante- en bistesoarten, bygelyks de soldatekwast, it bûnt hantsjekrûd en de djerreblom. Yn 2018 waard yn it gebiet de fûgelsjochhutte Skiertsjilling iepene. Yn 2019 is de gebietsûntwikkeling fan de Twizelermieden en Reahel-West oplevere en ôfsletten.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Natoergebieten fan Steatsboskbehear yn Fryslân

AlddyksgatDe Alde BoskBalksterboskBeekdelling AlddjipBlikfeartBoksleatBoskplaatBrandemarBremer WyldernisBurgumer MarBûten IeDe DeelenDellebuorrenDriezumer MarDrintsk-Fryske WâldDuerswâldmer HeideEastboskEgypteboskElfbergenGeastmer boskGouden BoaiemGrutte BrekkenHagedoarnfjildHamstermiedenHarichsterboskHaulsterboskenHeanmarHimpensermarHollumerboskHoutwielJolderenboskJouswierpolderDe KalkmanKanadamarKlaarkampster MarKoegelwieckKop fan de BloksleatpolderKoudumer HeechKroanpoldersKwekerijboskLange DunenLângoed It OranjewâldLângoed Stania StateLauwersmarDe LeienLindefalleiMarlannenLytse MarrenNannewiidNoardlike Fryske WâldenNesserboskNijemardumer HeideNoardfarderPolder ReahelReidpôllenRoasdunenRoazeboskRotstergaaster WâlenRottige MeenteSânhúster FjildSchwartzenbergerboskSleattemer MarSnitser MarSparjeburdStarnumanboskenDe SteatenSweagermiedenIt SwinTsjongerwâlenTsjûkemarTwizelermiedenDe VleyenWarkumer NijlânDe WarrenWeinterper SkarWikeler HopDe WyldemerkWynzerpolder Wite en Swarte Brekken

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.