Twisk
Stjelp út 1746
FlaggeWapen
Polityk
Lân Nederlân
Provinsje Noard-Hollân
Gemeente Medemblik
Sifers
Ynwennertal1.090 (2021) [1]
Oerflak7,67 km², wêrfan:
lân: 7,46 km²
wetter: 0,24 km²
Befolkingstichtens140 ynw. / km²
Oar
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten52° 44' N 5° 03' E
WebsideSide doarpsried Twisk

Twisk is in doarp yn 'e Noard-Hollânske gemeente Medemblik. It likernôch 5 kilometer lange doarp leit súdwestlik fan de stêd Medemblik. Eartiids wie Twisk in lintdoarp, mar sûnt it ein fan de 20e iuw hat nijbou dat karakter wat feroare.

Twisk hat in beskerme doarpsgesicht mei twa tsjerken en in soad stjelppleatsen, meiïnoar sa'n 100, lâns in grêft. It doarp hat 51 ryksmonuminten en in ryk ferieningslibben.

Bestjoerlike yndieling

Oant 1 jannewaris 1979 wie Twisk mei de buorskippen 't Westeinde, Bennemeer en in part fan de Broerdijk in selstannige gemeente. 't Westeinde en Bennemeer hearre noch jimmeroan by Twisk. Yn 1979 fusearre de gemeente mei de gemeenten Abbekerk, Midwoud, Opperdoes, Sijbekarspel en it doarp Hauwert ta de gemeente Noarder-Koggelân, dy't op 1 jannewaris weryndield waard by de gemeente Medemblik.

Etymology

Stjelp oan de Doarpswei

Twisk waard yn 1245 neamd as 'Twisca' en yn 1696 as 'Twiscke'. De namme is ôflaat fan it Aldfryske 'twisca', itjinge 'tusken' bestjut. Twisk sil in buorskip oan 'e dyk west ha tusken twa doarpen. De namme hat deselde bestjutting as It Twiske, in natoergebiet tusken Landsmeer en Oostzaan.

Skiednis

Tegearre mei Abbekerk, Midwoud en Lambertschaag krige Twisk op 2 febrewaris 1414 fan Willem VI stedsrjochten. Letter soe Abbekerk mei Lambertschaag hiele stedsrjochten krije, mar Twisk bleau ferbûn mei de 'stede Abbekerk'. Sa bleau Twisk in ûnderdiel fan de ambtshearlikheid Abbekerk-Twisk-Midwoud-Lambertschagen. Dy ambtsheaerlikheid waard yn 1742 foar 5.000,00 troch de Steaten fan Hollân en West-Fryslân ferkocht oan de reginten.

Grutte earmoede en rampen binne it doarp besparre bleaun. It doarp hat yn de 18e en it ein fan de 19e iuw in tiidrek fan wolfeart hân. Fan dy wolfeart tsjûgje de fersierings fan de wentes en pleatsen út dat tiidrek. De goede greide om it doarp hinne hat altiten fan grutte ynfloed west op de wolstân fan it doarp.

It besjen wurdich

Teätertsjerke 'Himelsk'

Ien fan de meast ferneamde pleatsen is de 16e-iuwske 'Muntenboerderij'. Dy namme is te tanken oan de fynst fan in pot fol Spaanske munten yn 1974 by in restauraasje. De pot en de gouden dukaten datearren út deselde iuw as de stjelp. By in feiling fan de fynst waard der foar in fermogen betelle. Yn 1955 is mei help fan âlde kaarten út 1850 de stjelp nochris restaurearre.

Bûten de doarpskearn yn it buorskip 't Westeinde stiet oan it toeristespoar Hoarn-Medemblik it âlde treinstasjon fan Twisk. It stasjon waard iepene op 3 novimber 1887 en bleau oant 5 jannewaris 1941 yn gebrûk. Tsjintwurdich is it stasjon in ryksmonumint. De stjelppleatsen en hûzen yn it doarp datearje foar it meast út de 18e, 19e en begjin 20e iuw. Ek in part fan de pleatsen binne erkend as ryksmonumint.

De eardere goatyske herfoarme tsjerke is hjoed-de-dei in teäter. De eklektyske mennistetsjerke is in wettersteatstsjerke út 1867. Beide tsjerken binne ryksmonuminten.

Natoergebiet

Wetteropslach Twisk en Eastermare

Yn it doarpsgebiet leit noardlik fan 'e bebouwing oan de Omringdyk it wetteropslachgebiet Twisk-Oostermare. It 38 hektare grutte gebiet kin by swiere rein likernôch 100.000 m³ wetter opslaan. Rûsd wurdt dat soks ienris yn de 5 oant 10 jier bart. Tagelyk is it in natoergebiet dat tige ryk is oan fûgels. Te sjen binne û.o. greidefûgels, ferskillende soarten einen (bercheinen, slobeinen, kareinen, pylksturten, túfeintsjes en easteinen) en oare wetterfûgels lykas guozzen, kluten, swannen, ielguozzen, seefûgels en yn it reit burdmantsjes en blauboarstkes.[2]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.