Twilight Zone (liet fan Golden Earring) | ||
algemiene ynformaasje | ||
B-kant | King Dark | |
artyst | Golden Earring | |
album | Cut | |
taal | Ingelsk | |
sjenre | Hardrock | |
útbrocht | 23 augustus 1982 | |
doer | 7:58 album 4:35 single | |
label | 21 Records | |
skriuwer | George Kooymans | |
produsint | Schell Schellekens | |
fideoclip | ||
Golden Earring - Twilight Zone | ||
resultaten | ||
hitlisten | Top 40 - 1, Ultratop 50 - 5, 1 |
Twilight Zone is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Golden Earring en útbrocht op Cut. Twilight Zone wie it sechsde nûmer op it album en waard op 23 augustus 1982 útbrocht as earste single fan it album.
Oer it nûmer
George Kooymans hie Twilight Zone eins skreaun foar syn solo-album mar it nûmer bedarre dochs op it album fan de Golden Earring. It is in liet dat yn wêzen giet oer it toeren yn de Feriene Steaten, fan de iene ûnbekende konsertseal nei de oare, sûnder te witten wat harren te wachtsjen stiet. Oan ’e oare kant is it liet fan tapassing op de militêre situaasje yn Jeropa. De driging fan de Tredde Wrâldkriich of in kearnoarloch hong boppe de wrâld. Yn dy situaasje kamen Kooymans en Hay mei in ferhaal oer in spion dy 't tinkt dat er fermoarde wurde sil.
Oer de fideoklip
De fideoklip fan Twilight Zone waard makke troch regisseur Dick Maas. It is ien fan de earste echte fideoklips dêr 't ek in ferhaal yn ferteld wurdt.
Muzikanten
- Barry Hay - Sang & Gitaar
- George Kooymans - Gitaar & Sang
- Rinus Gerritsen - Bas & Toetsen
- Cesar Zuiderwijk - Drums