twiblêd | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
![]() | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Maianthemum bifolium | ||||||||||||
(L.) F.W. Schmidt, 1794 | ||||||||||||
Twiblêd (Maianthemum bifolium) is in fergiftige fêste plant dy't by de asperzjefamylje (Asparagaceae) heart.
![](../I/Illustration_Maianthemum_bifolium0.jpg.webp)
De plant wurdt 7-20 sm heech, hat in rjochtopgeande stâle en in tinne woartelstôk (rizoom). Der sitte meastentiids twa bledsjes oan de blomstâle, dêrom ek de soartnamme bifolium. It blêd fan de net bloeiende plant ferwylket, as de plant yn bloei komt. De spitse blêden binne 3-8 sm lang en 2-5 cm breed, aairûn en hawwe in hertfoarmige foet. Op de nerven komme lytse, tinne hierren foar.
Twiblêd bloeit yn maaie en juny mei wite blommen, dy't yn in trosse sitte. De blomslippen steane earst stjerfoarmich út en binne by it âlder wurden fan de blom weromslein.
De frucht is in rûne bei mei ien of twa siedden. Unripe beien binne read spikkele en kleurje read by it ryp wurden.
De plant komt foar op skadige plakken op fochtige oant frij drûge, wat fiedselearme grûn, lykas heidefjilden.
Nammen yn oare talen
- Dútsk: Zweiblättrige Schattenblume
- Frânsk: Maïanthème à deux feuilles
- Ingelsk: False lily of the valley, May lily
- Nederlânsk: Dalkruid
![]() |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Maianthemum bifolium) fan Wikimedia Commons. |