De Twadde Punyske Oarloch (218 f.Kr. - 201 f.Kr.) tusken Rome en Kartago wie foar Rome de kostberste fan de trije Punyske oarloggen, dy't Rome oan de râne fan de ôfgrûn brocht. Wie de Earste Punyske Oarloch fral in maritime, dêr't de Romeinen foar de earste kear ûnderfining opdienen mei seeslaggen, de twadde waard alhiel op lân útfjochte, dêr't folle gruttere tallen striders by belutsen wienen en dus ek gruttere ferliezen liede wurde koenen. Der binne twa ferslaggen oer de kriich bewarre bleaun, ien fan Titus Livius en ien fan Polybius.
Oanlieding
It konflikt wie it gefolch fan de oanhâldende rivaliteit tusken de eardere Fenisyske koloanje Kartago, dy't har ûntwikkele hie ta in foaroprinnende grutmacht yn de westlike helte fan de Middellânske See, en de Romeinske Republyk, dy't har yndertiid noch beheinde ta it Italjaanske skiereilân en de eilannen Sisylje, Sardynje en Korsika. De rivier de Ebro yn Spanje markearre de grins tusken de Romeinske en de Kartaachske ynfloedsfear.
De direkte oanlieding foar de kriich wie strideraasje tusken Rome en Kartago oer de stêd Saguntum, besuden de Ebro. Rome bemachtige sizzenskip oer de stêd, troch in ferdrach mei har te sluten. Neffens de Kartagers wie dat yn striid mei de ynfloedsfearen fan beide grutmachten en hja belegeren en oermasteren de stêd ûnder leiding fan de Kartaachske generaal Hannibal Barkas, wêrnei't Rome de oarloch oan Kartago ferklearre.
Oanfal oer lân fia de Alpen
Yn de Earste Punyske Oarloch hie Kartago syn oarlochsfloat ferlern en Hannibal moast in oar plan betinke om Rome oan te fallen. Hy besleat om Itaalje fia de Alpen oan te fallen, mei in hiel grut leger dat û.o. oer 42 oaljefanten beskikte. Nei in drege tocht oer de Pyreneeën, de Rône en de Alpen (Col du Mont Cenis), wêrby't in grut part fan it leger ferlern gie, kaam hy op de Poflakte yn Noard-Itaalje. Ynearsten brocht hy de Romeinen in tal ferskuorrende nederlagen ta, wêrûnder de slach by de Trebia, de slach by de Trasimeenske mar en benammen de Slach by Cannae, dêr't 8 legioenen ferneatige waarden en 48.000 Romeinen yn sneuvelen. Hannibal wie op dat stuit net te ferslaan en op grûn fan syn oerwinnings hat er letter it predikaat fan ûnbeslist en superieur fjildhear krige. Wat lykwols ek bydroech oan syn súksessen wie it feit dat guon fan de bûnsmaten fan Rome yn Itaalje en de krekt ferovere Gallyske gebieten op de Poflakte de strange Romeinske oerhearsking sêd wiene en oerrûnen nei de Kartagers.
Rome stie nei de ramp by Cannae yn 216 f.Kr. oan de râne fan de ôfgrûn. Neffens Titus Livius soe de kommandant fan de ruterij Hannibal advisearre hawwe om fuortendaliks troch te setten nei Rome. Mar fanwege it hege tal ferwûnen en deaden yn it Kartaachske leger, keas Hannibal foar in oare strategy. Utsein de stêden Capua en Tarente bleau it meastepart fan de Italjaanske stêden trou oan Rome.
Omkear yn de kriich
Op advys fan de feteranen út de Earste Punyske Oarloch beneamt de Romeinske senaat Kunktator út har midden as diktator (lieder). Kunktator makket fan Skipio Afrikanus syn wichtichste generaal. De taktyk tsjin de Kartagers feroaret. Net langer wurdt Hannibal streekrjocht oanfallen, mar syn basis yn Spanje wurdt it doel, dêr't hy syn farske troepen en foarrieden wei hellet. Skipio wurdt mei dy taak belêste en nei in ynearsten wifeljend offinsyf komt de ferovering goed op gong. De befelhawwers fan de Kartagers yn Spanje wienen net sa briljant as Hannibal Barkas en Skipio wist de ûnderlinge ûnienigens fan dy befelhawwers en in opstân by harren Numidyske bûnsmaten te brûken yn syn foardiel. Boppedat hienen de Romeinen nochal wat súkses mei it foar har winnen fan de Ibearyske bûnsmaten fan de Kartagers.
Yn Itaalje setten de Romeinen ûnderwilens in ôfmêdingskriich útein. Se mije streekrjochte konfrontraasjes mei it leger fan Hannibal en lizze swiere straffen op oan de 'ferriedlike' stêden en bûnsmaten en ferliene stipe oan stêden dy't almeast om 'e nocht belegere waarden troch Hannibal, dy't oan in belis fan de Romeinske haadstêd nea takaam wie. Yn de rin fan 15 jier kriichfieren krongen de Romeinen Hannibal lang om let yn it definsyf, fral doe't hy fan Spanje en Kartago ôfsnien rekke. Nei de beslissende oerwinning fan de Romeinen yn de Slach by Ilipa in Spanje, yn 206 f.Kr. wienen de rollen omkeard. De Romeinen stutsen oer nei Afrika en fersloegen it Kartaachske leger yn de Slach op de Grutte Flakten en de slach by Utika en besingelen de stêd Kartago.
Ein fan de Kriich
De Kartaachske elite besiket te ûnderhanneljen mei de Romeinen mar rôp ûnderwilens ek Hannibal nei Afrika werom. Tichteby de haadstêd waard hy lykwols ferslein yn de Slach by Zama Regia. Troch dy lêste nederlaach waarden de Kartagers twongen om echte fredesûnderhannelings te begjinnen. Hannibal flechte nei Syrje en waard de rest fan syn libben troch de Romeinen efterfolge, oant hy yn Bitynje, fier fan syn heitelân yn 183 f.Kr. himsels te koart die om finzennimming troch de Romeinen te foarkommen.
De oarloch wie troch Kartago ferlern en har ynfloed swier beheind. Allinnich Noard-Tuneezje bleau fan de Kartagers en sy moasten har ûnder it bewâld fan de Romeinen skikke. Sels in eigen leger mochten sy net langer hawwe.
De Romeinske senator Kato (234 - 149 f.Kr.) fûn it gefaar fan Kartago, nettsjinsteande de nederlaach, noch hieltyd sa bot dat er elke redefiering foar de Romeinske senaat einige mei de sin: "En trouwens ik bliuw de miening tadien dat Kartago ferneatige wurde moat". Kato krige lang om let syn sin yn de Tredde Punyske Oarloch, dêr't Kartago by ferwoaste waard.