De Turkske folken binne in kloft folken dy't mien hawwe dat sy allegear talen sprekke hokker troch taalkundigen by de famylje fan Turkske talen rekkene wurde. Fan dy folken binne guons dy't oerienkomsten hawwe op kultureel en histoarysk mêd of entysk besibbe, mar ek guons dy't nochal ferskille. Meastentiids wurdt lykwols de term "Turksk" brûkt foar de ynwenners fan Turkije, yn wide sin hat it troch de taalkundige oerienkomsten in folle widere betsjutting, dy't net needsaaklik etnysk hoecht te wêzen. De Turkske talen wurde faak beskôge as in ûnderdiel fan de Altaïske taalfamylje. Oer de hiele wrâld wenne tusken de 150 en 200 miljoen minsken dy't in Turkske taal sprekke.

Geografyske fersprieding en etnyske ûnderferdjipping

Fersprieding fan de Turkske folken

De Turkske folken hearre by de geografysk meast wiidfersprate folken yn de wrâld. De fersprieding fan folken mei Turkske kulturele eftergrûn rint fan Noard-Sibearje yn it westen fan it Russyske Heine Easten, dêr't de Jakoeten wenje, troch Sintraal-Aazje nei East-Jeropa. Op it heden wenje de grutste kloften fan de Turkske folken ferspraat oer Sintraal-Aazje yn lannen as Kazachstan, Kirgysje, Turkmenistan, Oezbekistan en yn de lannen Iran, Azerbeidzjan en Turkije. Fierders wenje der Turkske folken op de Krim, yn de westlike selsstannige Sineeske regio Sinkiang, Noard-Irak, Israel, Ruslân, Afganistan, Syprus en de Balkan; Moldaavje, Grikelân, Bulgarije, Roemeenje en it eardere Joegoslaavje. Der wennet ek in grutte groep fan Turkske komôf yn de haadstêd Filnius fan Litouwen. Ek binne der grutte minderheidsgroepen yn Dútslân, de Feriene Steaten en Austraalje, dy't fral út Turkije fuort komme. Sy binne dêr terjochtkaam as gefoch fan de migraasjes yn de 20e iuw.

It bliuwt dreech om in krekte grins te lutsen tusken de ferskate Turkse folken. By de grutste groepen hearre:

  • Altaj (Oiroten)
  • Azeri
  • Balkaren (dy't tegearre mei de Karatsjajs de taal Karatsjai-Balkarysk sprekke)
  • Basjkieren
  • Chakassen
  • Dolganen
  • Gagauzen
  • Jakoeten (Sacha)
  • Jörüken
  • Kumanen (Kyptsjaken)
  • Karatsjajs
  • Karakalpakken
  • Karapapaken (Terekemen)
  • Karatsjaj
  • Kazachen
  • Kirgizen
  • Krimkaraïeten
  • Krimtataren
  • Krimtsjakken (sprekke in oare foarm fan Krimtataarsk)
  • Koemukken
  • Nogajs
  • Oeigoeren
  • Oezbeken
  • Oguzen
  • Kwashkwais
  • Siberyske Tataren
  • Tataren
    • Wolgatataren (of Kazantataren)
  • Tofalaren
  • Tsjoelyms
  • Tsjoevasjen
  • Turken
    • Turksk-Syprioten
  • Turkmenen
  • Tuvienen
  • Ûigoeren
  • Urummen

Troch guons wurde de Turkske folken yn seis tûken yndiele, te witten de Oguz, Kyptsjakken (û.o. Kumanen), Kwarlukw, Siberysk, Tsjoevasj, en Sacha/Jakoet. In oare klassifikaasjesysteem beskôget de Oguz as "Westlike Turken", de Kyptsjakken als "Noardlike Turken" dêr't de oare fjouwer as "Eastlike Turken" by klassifisearre wurde.

Yn fan de grutste swierrichheden dêr't se mei te krijen hawwe by it klassifisearre fan de ferskate Turkske talen en dialekten, is de ynfloed fan it Sowjettiidrek en benammen it Stalinistyske nationaliteitenbeleid fan destiids. Dêrtroch waarden nije nasjonalistyske grinzen lutsen, talen en alfabetten ûnderdrukt (ferfongen troch Turkske foarmen fan it syrillyske alfabet) en massadeportaasjes dien (benammen troch Stalin healwei de Twadde Wrâldkriich). Dat barren hie in grutte ynpakt op de etnyske miks fan de foartiids multykultuerele gebieten lykas Korasan (Sjwarezmje)/Kiva, de Fallei fan Fergana. Klassifikaasjes lykas hjirboppe fermeld, wurde dêrom yn alle gefallen net oeral akseptearre, likegoed op detailnivo as yn it generaal. In oar aspekt dêr't in protte oer diskusjearre wurdt, is de ynfloed fan panturkisme en it opkommende nasjonalisme op de wize dêr't etnyske ûnderskieding makke wurdt binnen de Sintraal-Aziatyske republiken, dy't nei it útinoar fallen fan de Sowjet-Uny ûntstienen.

Keppeling om utens

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.