Tucson | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Arizona | |
County | Pima County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 524.295 (2011) | |
Oerflak | 588 km² (ynkl. wetter) 587,2 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 1.078,8 / km² | |
Stêdekloft | 992.394 (2011) | |
Hichte | 728 m | |
Oar | ||
Stifting | 1775 | |
Tiidsône | UTC-7 | |
Simmertiid | gjint (UTC-7) | |
Koördinaten | 32°13′18″N 110°55′35″W | |
Offisjele webside | ||
www.tucsonaz.gov | ||
Kaart | ||
De lizzing fan Tucson yn Pima County en yn 'e steat Arizona. |
- Dizze side giet oer de stêd yn 'e Amerikaanske steat Arizona. Foar oare betsjuttings, sjoch: Tucson (betsjuttingsside).
Tucson (útspr.: ['tu:sɒn], likernôch: "tûû-s'n") is in stêd yn it súdlik part fan 'e Amerikaanske steat Arizona, 97 km benoarden de Meksikaanske grins. It is it haadplak fan Pima County, en de twadde stêd fan Arizona, nei de steatshaadstêd Phoenix, dy't 217 km op nei it noardwesten leit. De beneaming Tucson komt fan 'e namme dy't de lânseigen Papago-Yndianen foar de krite hiene: Cuk Ṣon (útspr.: [ʧʊk ʂɔ:n], "tsjok sjôn"), dat "[oan 'e] foet fan 'e swarte [heuvel]" betsjut, ferwizend nei it fulkanysk berchtme fuort bûten de stêd. Neffens in offisjele skatting út 2011 hie Tucson doe krapoan 525.000 ynwenners; as alle foarstêden, lykas Oro Valley, Marana en South Tucson, en ek de oangroeide agglomeraasje fan Nogales meirekkene wurde, komt it ynwennertal fan Tucson as stêdekloft hast 1 miljoen benei.
Skiednis
De krite fan Tucson wurdt al teminsten 12.000 bewenne. De ierste minsken dêre wiene mooglik de Paleo-Yndianen wêrfan't fêststie dat se om 10.000 f.Kr. hinne yn it gebiet omhúsmannen. By resinte archeologyske opgravings oan 'e rivier de Santa Cruz is in doarp fan om 2100 f.Kr. hinne bleatlein wurden. De alluviale flakte fan 'e Santa Cruz waard tusken 1200 f.Kr. en 150 n.Kr. ekstinsive lânbou op bedreaun. Dêrby waard in stelsel fan yrrigaasjekanalen oanlein om it boulân mei mais, beane en oare gewaaksen te befloeien. Tusken 600 en 1450 hearde de krite om Tucson hinne ta it kearngebiet dat troch de Hohokam-kultuer behearske waard.
Yn 1699 besocht de Spaanske jezuyt Eusebio Fransisko Kino it gebiet, en stifte der in missypost, de Missión San Xavier del Bac. Op 20 augustus 1775 waard der likernôch 11 km súdliker ûnder lieding fan Hugo O'Conor in militêr fort oanlein, it Presidio San Agustín del Tucsón, dêr't al rillegau in delsettinkje om hinne groeide dat Tucsón kaam te hjitten. Yn 'e Spaanske tiid wiene der geregeldwei ynfallen fan 'e Apachen, dy't ta fûleindige gefjochten yn ít gebiet laten. Tanksij it fort wist de delsetting lykwols te oerlibjen, en nei't de Spaanske koloanje Nij-Spanje yn 1821 ûnôfhinklik waard fan it memmelân, kaam Tucson by it nije Meksiko te hearren. Yn 'e Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch (1845-1848) waard Tucson ynnommen troch it Mormoanske Bataljon, dat foar de Feriene Steaten focht, mar nei't yn 1848 it Ferdrach fan Guadelupe Hidalgo sletten wie, wêrby't Meksiko frijwol it hiele tsjintwurdige Amerikaanske Súdwesten oan 'e Feriene Steaten ôfstean moast, waard Tucson mei omkriten weromjûn. Pas yn 1853 kaam Tucson troch de Gadsden-oankeap dochs noch yn Amerikaansk besit.
Yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch funksjonearre Tucson in hoartsje as de westlike haadstêd fan it Konfederearre Arizona-territoarium (de eastlike haadstêd wie Mesilla). Yn 1862 waarden de Súdliken troch de Kalifornyske Kolonne út Arizona en Nij-Meksiko ferdreaun. Neitiid makke Arizona fan 1863 ôf diel út fan it Nij-Meksiko-territoarium, oant dat yn 1867 opspjalte waard yn in lytser Nij-Meksiko-territoarium en in nij Arizona-territoarium. Fan 1867 oant 1877 wie Tucson fan dat lêste gebiet de haadstêd, al krige it pas yn 1877 offisjeel de status fan stêd. Fan 'e 1850-er jierren oant 1886, doe't it opperhaad Geronimo einlings en te'n lêsten twongen wie de striid op te jaan, hiene Tucson en omkriten slim te lijen ûnder oanfallen fan 'e Apachen (al hiene de Apachen teminsten like slim te lijen ûnder de oanfallen fan 'e blanke kolonisten út Tucson en omkriten). Oan 'e eastkant fan 'e stêd waard dêrom nei de Boargeroarloch Fort Lowell oanlein.
Yn 1885 waard yn Tucson de Universiteit fan Arizona stifte, dat letter ien fan 'e wichtichste ynstituten wurde soe foar de pleatslike ekonomy. Tsjin 1900 hie de stêd likernôch 7.500 ynwenners. Nei de Earste Wrâldoarloch setten in protte Amerikaanske feteranen har yn Tucson nei wenjen dy't oan it Westlik Front oan gifgas bleatsteld wiene, fanwegen de skjinne drûge lucht. Teffens waard der fan oerheidswegen in feteranesikehûs oanlein. Nei de Twadde Wrâldoarloch folge op 'e nij in ynfluks fan âld-militêren, sij it diskear net fanwegen sûnensswierrichheden. Sûnt yn 'e jierren fyftich airconditioning beskikber kaam, waard de stêd hielendal in populêr fêstigingsplak, en ferfearen almar mear lju nei Tucson mei syn hjitte klimaat. De befolking woeks tusken 1950 en 1960 oan fan 45.000 oant 213.000.
Ekonomy
De ekonomy fan Tucson stipet hjoed de dei fral op 'e tsjinstesektor en it heger ûnderwiis. Dêrby spilet benammen de Universiteit fan Arizona in grutte rol, dy't de op ien nei grutste wurkjouwer yn 'e stêd is. De Loftmachtbasis Davis-Monthan, dy't oan 'e súdeastlike râne fan Tucson leit, ferskaft de stêd ek in protte wurkgelegenheid, en datselde jildt foar de Tohono O'odham Nation, ien fan 'e grutste federaal erkende Yndianestammen yn it Súdwesten, wa har reservaat oft bewesten Tucson leit ("Tohono O'odham" is de namme dy't de Papago foar harrensels brûke).
Demografy
Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe 24,6% fan 'e befolking fan Tucson jonger as 18 jier, wylst 11,9% âlder as 65 jier wie. Fan alle húshâldings bestie 32,3% út ien persoan. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 47,2% blanken; 41,6% Latino's (mei as grutste groep 36,1% Meksikanen); 5,0% swarten; 2.9% Aziaten; 2,7% Yndianen; 0,6% oaren of fan mingd etnysk komôf.
Untjouwing fan de befolkingsgroei
Jier | Ynwennertal |
---|---|
1850 | 400 |
1880 | 7.007 |
1900 | 7.531 |
1920 | 20.292 |
1940 | 35.752 |
1950 | 45.454 |
1960 | 212.892 |
1970 | 262.933 |
1980 | 330.537 |
1990 | 405.371 |
2000 | 486.699 |
2010 | 520.116 |
Berne yn Tucson
- Linda Ronstadt (1946), sjongster
- Justice Lee (1974), pornoaktrise
- Kyrsten Sinema (1976), politika
- Abe Thompson (1982), fuotballer
- Lacey Nymeyer (1985), swimster en Olympysk medaljewinster
- Caitlin Leverenz (1991), swimster en Olympysk medaljewinster
Stoarn yn Tucson
- Arthur McKenzie Dodson (1819-1874), ambachtsman, ûndernimmer en politikus
- Jesse Owens (1913-1980), atleet
- Erskine Caldwell (1903-1987), skriuwer
Klimaat
Tucson hat in woastynklimaat, mei gleonhjitte simmers en mylde winters. Om't it heger leit, is it der hast altiten koeler en wieter as yn Phoenix, de oare grutte stêd yn 'e steat Arizona. De koelste moanne is desimber, mei in trochsneed temperatuer oerdeis fan 18,3 °C; yn 'e hjitste moanne, juny, is it oerdeis yn trochsneed 38 °C. Rekôrtemperatueren wiene 46 °C op 19 juny 1960 en –14 °C op 7 jannewaris 1913. Hoewol't Tucson jiers trochstrings dochs noch 293,6 mm delslach kriget (ynkl. oardel sm snie ferdield oer de hiele winter), ferdampt dat te fluch om troch de grûn opnommen te wurden (fral yn it moessonseizoen, dat fan july oant begjin septimber duorret), sadat de stêd dochs ta de woastynklimaatsône rekkene wurdt.
Susterstêden
Fotogalery
- Tucson út 'e romte wei sjoen
- Stone Avenue, 1880
- de skyline fan Tucson
- West Pennington Street, yn it sintrum fan Tucson
- In strjitte yn it sintrum fan Tucson
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.
|